Wepperkes(snein)

Utslaggen 13 maart
13 maart 2004
SDS 2 noch rommer oan ‘e lieding
14 maart 2004

Ofkuolje

It wie sneon net echt waarm. It wie wol tasein troch immen út Hjelbeam, mar dan wit je it wol. Jan Stenekes (SDS 3) hie syn each fallen litten op in spiler fan Blauw Wit. Hy krige it der hyt fan. Hy socht efkes lichaamlik kontakt en dat mocht net fan skiedsrjochter Bruinsma. Beide spilers moasten bûten de linen efkes (5 minuten) ôfkuolje. Wylst Jan stie te sjen oan de sydline wie der mear romte en Sjoerd van Beem hat in protte romte nedich en hy skoorde dan ek gelyk. Letter helle ek Jan syn gelyk: ek hy skoorde. SDS 3 wûn mei 3-1.

Dom of stom

Soms, hiel soms is der sa tongersdeitejûn nei it trainen noch wolris in nijsgjirrich petear yn de kantine. Sa ek ôfrûne tongersdei. It gie om earder diene útspraken van Maksima en Foppe de Haan. Want wanneear is iets dom en wannear is it stom. Bygelyks:

  • SDS 1 ferliest fan Wikel-Hallum is dat dom of stom
  • It earste ljipaai fan Fryslân dat je fine yn ferbean lân lizze litte, is dat dom of stom
  • Unnedich tsjin in giele kaart oanrinne is dat dom of stom.
  • Lichaamlik kontakt sykje mei de tsjinstanner is dat dom of stom

Sa binne der wierskynlik tal fan foarbylden. Wy sille hjoed de offisjele defenysje opfreegje by drs. Y. Babbel, en sille dizze wike de domme en stomme dingen by SDS fermelde. Fansels hawwe wy jim help nedich. Wy komme hjir op werom.

SDS D-1 wint

SDS D1 hat syn earste wedstriid al wer wûn yn de kompetysje.  Kommend wykein wurdt dy kompetysje al wer ûnderbrutsen, want de ploech fan Klaas Pompstra en Johan Brinksma moat dan foar de beker oantrede. Thús tsjin Bûtenpost om 12.15 oere. Allegear komme dus.

 

Mear bekernijs

Ek SDS 2 moat kommende sneon wer oantrede foar de beker. Neffens de lêste berjochten wurdt de wedstriid om 15.30 oere thús spile tsjin Viboa út Winsum (Grinslân).

 

Doelpuntenmakkers

Sneon 13 maart wie foar Bas de Haan fan SDS 4 in goeie dei. Hy skoorde 3 kear. Ek Robert Sijbesma liet by SDS 2 sjen dat skoren him net frjemd is. 2 doelpunten kin hy oan syn totaal taheakje. Foar Sjoerd van Beem (SDS3)  en Frank Rijpma waard 13 maart ek in histoarykse dei. Sy skoorden dit seizoen harren earste doelpunt.  58 ferskate spilers hawwe no 181 doelpunten skoord. De komplete list stiet ûnder it kopke senioren.