SDS 2 noch rommer oan ‘e lieding

Wepperkes(snein)
14 maart 2004
SDS A1 falt oan mar ferliest dochs.
15 maart 2004

2 seizoenen werom waard Makkum 2 noch kampioen yn ‘e 2e klasse. Nei 1 jier yn ‘e 1e klasse is der in soad feroare. Makkum 2 kin mar krekt genôch spilers krije en by SDS 2 dogge spilers mei as Robert Sybesma, Henk Postma en Jan Simon Jelsma. Spilers dy ‘t net hielendal fit binne sitte op ‘e bank want de konkurrinsje is grut.

Foar SDS 2 wie it in frij maklike middei. Earder dit seizoen koe SDS út mar krekt mei 1-0 winne. Dizze kear wie der net in momint yn ‘e wedstriid dat SDS yn ‘e problemen kaam. De 1-0 waard makke troch Donny Okkema. In goeie foarset fan Jan Simon waard knap binnenkopt troch Donny. De 2-0 foel pas yn ‘e twadde helte. Lykas de 3-0 waard de goal makke troch Robert Sybesma. Hy koe 2 kear maklik troch de definsy  fan Makkum rinne. De 4-0 wie in knappe goal fan Frank Rypma. Nei in korner waard de bal fuortkopt troch in ferdediger fan Makkum. Frank naam de bal yn ien kear op ‘e slof en net ien hat de bal wer sjoen oan ‘t dat der yn it net lei.

Konkurrint Olde Veste hat ferlern. Dit betekent dat SDS 2 oan ‘e lieding giet mei 5 punten foarsprong op nûmer 2 Olde Veste. Ek hat SDS 2 noch 2 wedstriden tegoede.