Wepperkes(moandei)

D1 oefent
6 maart 2004
Op nei Urk!
8 maart 2004

Betterskip!
SDS F1 hat hjoed ek oefene tsjin RES F1 (út).
By in stân fan 2-2 is 8 minuten foar tiid de wedstriid staakt neidat Frans Dooper en in spiler fan RES ûngelokkich tsjin elkoar opknalden. Frans is mei de ambulance nei it sikehûs (Snits) brocht. Der die bliken dat ‘er de skine trochmidden hie. It is in moaie breuk, mar Frans sil wol foar de rest fan it seizoen útskeakele wêze.

Damje

Ferline wike makken wy melding fan de ûnmooglike opjefte wêr’t maat Stoffel Bouma foar stie. Hy moast sneon twa kear winne by it Frysk damjen om net te degradearen út de haadklasse. Wy fregen jim oan jim him in hert ûnder de riem stekken. Wy kinne melde dat it holpen hat. Stoffel wûn beide partijen en is dus noch altiten haadklasser.

Clarence Stremler

Sneontemoarn mienden wy hiel leuk te wêzen troch Harm Stremler mei in spot-printsje op ús side te setten. Hiel grappich kin soks wêze. Doe’t wy sneontemiddei de doelpuntenmakkers opfregen, waarden wy bliid ferrast mei de 1-3 oerwinning fan SDS 1 en waarden wy ek bliid ferrast mei it feit dat Harm twa doelpunten makke hie.

Minder bliid ferrast wiene wy mei it feit dat ien fan dy doelpunten út in strafskop makke wie. Dêr giet je stelling dat Harm en Clarence in protte fan elkoar hawwe. Tige tank trainer Kees. No mar hoopje dat Advocaat Clarence net wer in nije kans jout, want dan wurdt it wer in koart tournooi yn Portugal.

In echte skeids

It hie sa moai wêze kind foar de spilers fan SDS F-2 en F3. Normaal wurde sy opsadele mei in nepskiedsrjochter. Hy hat wol in lfuit mar foar de rest liket er net op in echten. Sneon waard de wedstriid fan F2 en F3 spile ûnder lieding fan topskiedsrjochter Douw D. Reitsma.  Wat hie dat no moai west, in skiedsrjochter yn in prachtich grien of giel pak en in fluit dy’t klinkt as in fluit. Mar helaas D.D.R. stie yn de spikerbroek en gympies te fluitsjen. Hy fluite fierders wol in goeie partij.