Wepperkes -woansdeitejûn-

Wepperkes -tiisdei-
5 oktober 2004
SDS League: 50 Gerardcent boppe-oan!
7 oktober 2004

Futsal
In prachtige, enerfearende, spannende en fermakelike wedstriid wie der woansdeitejûn te sjen yn de sporthal yn Easterein. SDS 1 moast tsjin Elim foar de beker. 6-6 wie de skore. Strafskoppen. By SDS miste mar ien (komt op fersyk fan it publyk yn it Clarence sluierklassemint) Elim miste 3 kear. In ronde fierder. Moarn wierskynlik in echt ferslach fan Willem. Hy skoorde ek út in strafskop mar die dat wol in hiel bysûndere wize. Hoe…lês it moarn op dizze side.

SDS League
Moarn fine jimme hjir de nijste stân fan de SDS League.

B1 jûn ek aktyf
De junioren fan B1 spylje jûn harren útstelde wedstriid tsjin CVVO. Dit fynt plak ûnder it ljocht dan de skynwerpers yn Lemmer. Hopenlik kinne wy jûn de útslach noch bringe.

Route nei Nijlân
Om oan de ûngerêstens fan Ates Feikes in ein te meitsjen wurdt moarn de route bepaald hoe’t SDS nei Nijlân giet. Der binne ommers in protte diken dy’t nei ….. Nijlân liede.
Dúdlik is wol dat er earne op de helte efkes rêst holden wurdt om te sjen at elkenien noch wol byelkoar is. De ferwachting is dat de supporters der net georganiseard hinne geane.

Anne yn Clarence-sluierklassemint
By senioren fine jim it bywurke klassemint. De nijste stjêr is Anne Stenekes. Hy miste fannejûn yn ‘e seal.