SDS League: 50 Gerardcent boppe-oan!

Wepperkes -woansdeitejûn-
6 oktober 2004
Wepperkes -tongersdei-
7 oktober 2004

Hy helle mar in bultsje punten fan ‘e wike, mar stiet dochs boppe-oan yn de SDS League. Mei mar 36 punten (degene mei de wykskore hat 58 punten!) nimt 50 gerardcent (GvA) it 1e plak oer fan “De Puntenpakkers”(SP) dy mar 31 punten pakte fan ‘e wike.

Robert Hoekstra die it knap dit wykein. Hy makke syn rentree by SDS 2 en giet ek yn de SDS League nei 2(fan 12).

Ûnder de earste 2 yn de SDS League stiet eltsnein deun opinoar. Der binne 5 ploegen op it 3e plak mei allegear 182 punten. Ûnder oare stiet 3e “Hoe fier komt Pier”. Hy pakte dizze wike mei 58 punten de wykpriis.

Opfallend dizze wike de ûndergong fan Sibe de Seefûgel mei syn team “Net stinne mar winne”. Hy sakket dizze wike fan 40 nei 55. Je soenen sizze dat hy no wolris fan it “zonesysteem” ôfstappe sil.

Ûnderoan is it ek wer spannend. OKB(SS) hat de stoute klompen wer oanlutsen en stiet wer gewoan lêst.

Groeten, Willem.

Hjir de nije stân:
wike 4