Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes – moandei
4 oktober 2004
Wepperkes -woansdeitejûn-
6 oktober 2004

75.000 besikers!!
Fannejûn hawwe wy alwer ús 75.000e besiker op de webside hân. As alles wat meisit dan moate wy dit jier de 100.000 helje kinne.

Suurbier
Yn it Friesch Dagblad fan juster stiet in wiidweidich ferslach oer SDS- Broekster Boys. In tige nijsgjirrich ferslach wêr kompliminten útdield wurde oan ferskillende spilers. Ek Wichard Deinum wurdt neamd:
Een prima voorzet van Wichard Deinum, de Suurbier fan SDS, die overigens ook een stevige tackel in de voeten heeft.
Foar wa’t net wit wa’t Suurbier is in koart oersjoch:

Wim Suurbier was een bijzonder mens in de selectie van het Gouden Ajax. Geboren in Eindhoven (!) had hij zich ontwikkeld tot een echte Amsterdammer, met bijbehorende Amsterdamse humor. Suurbier stond bekend als een goede rechtsback die door zijn enorme snelheid perfect paste in het Ajax-systeem. Regelmatig schoof hij voorbij aan rechtsbuiten Sjaak Swart om vervolgens de bal voor te trekken.
Maar Suurbier maakte ook deel uit van het onafscheidelijke duo Schnabbel en Babbel. Samen met Ruud Krol luisterde hij menig saai uurtje van een trainingskamp op met een onnavolgbare conference. Behalve voetballer was Suurbier namelijk ook levensgenieter. Hij ging regelmatig op de zaterdagavond voor een wedstrijd stappen. Maar dat kon coach Rinus Michels niet zoveel schelen, want het leek totaal geen invloed op zijn spel te hebben. Ook na een avond doorhalen kon Suurbier de 100 meter in 11.2 seconden lopen.

Wy hawwe it idee dat dit fergeliking yn Nijlân hurd oankomme sil. Sy mienden dat se him wol opbouwe litte koene.

Daan Boersma
Wa’t ek hurd oankomme sil yn Nijlân is it feit dat bekind wurden is dat trainer Lyckle Bleekveld it earste hesje dizze wike al útdield hat, sûnder dat de Nijlander AtesFeikes fanút syn loedersplak yn de boskjes it sjen koe. Wy dogge dêr lykwols net geheimsinnich oer. Undanks it feit dat Daan der alles oandien hat (hy dronk sels malt molke dit wykein), hat de trainer it hesje oan Klaas Overal jûn. Hy flagget sneon.

De malt molke is no foar sliterspriis te krijen by Daan. Want echt lekker wie it net.

Net ferdwale
Moarntejûn spilet SDS 1 seal om 20.00 oere yn Easterein foar de beker tsjin Elim. De jonges fan SDS wienen benaud dat dizze jonges moarn ferdwale soenen en dan te let komme soenen foar de wedstriid. Dit sil net gebeure. De measte fan dizze jonges fuotballe ek by Noordscheschut 2 en binne sneon al ferdwaald op wei nei …….Easterein.

Kenniskwis
Wy hâlde wol wat fan beskiedenheid. Dat siert de minske. Mar al te beskieden is net goed. Wy freegje ús yn alle oprjochtings ôf hoe’t it sit mei de oanjeften foar de kenniskwis. Der binne dochs wol guon dy’t besykje wolle de finale te heljen. Opjaan kin noch by Fred of Aant of fia
info@vv-sds.nl

Ferslach SDS B1
Ôfrûne sneon hoefde SDS B1 net te fuotbaljen. Fansels tige spitich mei dat moaie waar. Ien foardiel hat it wol. Je kinne wer ris in ferslach skriuwe. Klik
hjir foar it ferslach fan Jildert Hylkema oer de wedstriid Balk B1- SDS B1 fan 18 september.

Noadich pisje!!
Je kinne it wol. Je binne wiksel en as je dan eindliks hast it fjild yn meie fan de trainer dan moat je krekt noadich pisje. Je doare net mear te freegjen as je nei de boks meie, want foar it selde jild komt der in oar yn of de wedstriid is dien. Hjir kinne jimme de oplossing fine foar as jimme ek ris mei soks te meitsjen krije (klik
hjir)

Aant op Omrop Fryslân
Fanmoarn wie Aant op Omrop Fryslân om oer ús webside te praten. Fansels hawwe de measte minsken it net heare kinnen. Mocht ien it no opnommen hawwe lit it ús dan efkes witte. Miskien kinne wy it dan nochris op dizze webside sette. Lit it ús witte op
info@vv-sds.nl.