SDS League: Flyer pakt wykpriis!

Wepperkes -woansdei-
22 november 2005
Wepperkes -tongersdei-
23 november 2005

In knappe wike foar TdB. Tiisdei wûnen de Flyers, woansdei wûn SDS 1(futsal) en no blykt ek noch dat hy mei Flyer de wykpriis pakt. Dit is ferrassend te neamen om ’t Flyer meast yn de ûnderste helte fan de ranglist te finen is. No docht hy it knap mei in 23e posysje.

Let ’s go Flyer!!

Ruurd Boorsma lit fan ‘e wike fan him heare. Net allinne mei syn webside mar ek mei syn team yn de SDS League. Hy giet dizze wike fan 10 nei 3.

Yn Spannum kin dizze wike de flagge út. FC Munnaps fan B.S. giet fan 15 nei 7.

Boppe-oan feroaret der neat. Nieuw-Noord(J.D.) stiet noch altiten 1e en Op sich de beste ploeg(F.B.) 2e.

Dizze wike 2 grutte ferliezers. PSV Eindhoven(H.A.D.) pakt lykas SCF fan M.H. mar 5 punten.

Nûmer lêst stiet noch altiten Easpânne fan M.B. Hy dielt dit plakje no al mei SCF(M.H.). Easpânne pakte dizze wike namelijk wol 37(!!) punten.

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 9.