Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
15 november 2005
Wepperkes -tongersdei-
17 november 2005

Ype, Ruurd of Gearard
Tongersdeitejûn stride Ype Tiemersma, Ruurd Boorsma en Gearard Posthumus yn de earste foarronde om de titel “fuotbalprofessor fan SDS”. Elkenien is benijd at kwismaster Fred de goeie fragen wer steld en mear noch at se de goeie antwurden wol witte. Libbet Ruurd ûntspannen nei dizze wedstryd ta, sit Gearard al wiken yn de boeken en soe Ype syn knuffel meinimme as maskotte?
Famylje, freonen, buorlu, kollega’s en belangstellende: sy rekkenje op jim stipe. Op nei Easterein om 21.30 oere.

Sjoerd debutearet
Nei ôfrûne snein yn de seal debuteare te hawwen by it sealtoernoai fan Titus, makket Sjoerd Rispens fannejûn syn debút by SDS 2 seal. Hy is mei om ’t SDS 2 inkelde minsken mist lykas Skelte, Jan en Pieter.
 Sjoerd stiet altiten klear.

Doelpunten
Klaas Pompstra lit wer sjen hoefolle der skoord is. Syn kommintaar bij it oersjoch dat jim bij senioren sjen kinne. Mei noch in pear wedstriden te gean foar de winterstop steane we no op san 100 doelpunten minder as foarich neijier.De jongste pupillen steane dúdlik boppeoan mei 74 doelpunten. Fan de junioaren skoart C1 it meats mei 54 doelpunten.  Fan de senioaren steane allinnich it 4e en 5e yn it lofterrigje. En we sjogge dat neist it 1e alvetal ek in hiel soad jeygdteams yn drege kompetysjes spylje. Nei de leste wedstriid foar de winterstop krije jimme it komplete oersicht fan it neijier. 

Fan Anco
Justerjûn nei de ledengearkomst lei der in bal op it haadfjild. Dizze ha ik eerst mar meinommen mar miskien is bekind fan welk team dizze bal is. Ik sil de bal tongersdei meinimme nei de kantine.

Fan de skoalleseize
Moandeitejûn fertelde Feike Jorritsma hoe fier it at mei de plannen fan de kantine is. De folgende dingen hawwe wij der fan oppikt en fermelde wij hjir mei in knipeach.

  • kantine hjit aansens ferieningsgebou
  • it sportpark moat it sportive hert fan Littenseradiel wurde 
  • der moat in wiziging fan it bestimmingsplan komme, omdat it allegear wat grutter en heger wurdt as no.
  • de gemeente liket meiwurkje te wollen
  • Hûs en Hiem besjocht dizze wike de tekeningen dy’t Wietze Ligthart makke hat
  • der is boaiumûndersyk west (gjin oalje fûn)
  • der is seismologysk ûndersyk west (in ierdskodding is net te ferwachtsjen)
  • der is in akoestysk ûndersyk west. (der buorlju sille der gjin lêst fan ha)
  • keatsklup, fuotbalklup en jeu de boulers bliuwe de haadgebrûkers. Oare ferienings meitsje gebrûk fan de lege oerkes
  • de kantine giet takem jier plat
  • der komt in nije berging, dy’t earst as kantine tsjinje sil
  • der is noch neat te sizzen wat it allegear krekt kost
  • der sille fêst aksje holden wurde moatte
  • der komme gjin brei en haakwurkjes oan de muorren te hingjen