Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
14 november 2005
Wepperkes -woansdei-
15 november 2005

SDS A1 wint mei 6-1 fan Heerenveense Boys
Slecht spylje en dochs winne. Je kinne noch sa prate mar it slûpt deryn tsjin de reade lantaarndrager. De opdracht wie dúdelyk, gjin punten ferskite! Lokkich koene we de goeie reeks in ferfolch jaan.
De Boys kamen kwaliteit tekoart om it ús echt moeilyk te meitsjen. Goals fan Feiko (2) Johannes (2) en Jelmer (2). Fierder kommintaar is net nedich. It moat mar gau wêr sneon wurde, at it waar mar in bytsje meiwurket.
Klaas en Marco

Foarsjoen
De fakature by Torotex wie gau fuort. Redmer Strikwerda fan A1 hat tiid fûn om foar dit bedriuw te wurkjen. Hy is juster lyk al begûn.

Futsal
Woansdeitejûn binne de futsallers fan SDS 3 aktyf yn de sporthal yn Easterein. Res 4 is de tsjinstanner. Futsal 2 reizget ôf nei Emmeloord om sa Flevo Boys 1 te ferslaan.
Futsal 1 giet tongersdei pas op paad. Sy moatte jûns om 22.00 oere tsjin Leeuwarden 1

Dêr wie Paul!
Paul koe ôfrûne sneon net fuotbalje by de A1. Hy moast te blazen. Dit wie net om ’t der yn ‘e kroech sitten hie mar gewoan om ’t der in âld fint mei in burd yn in boatsje nei Snits kaam.


Ype, Ruurd of Gearard
Tongersdeitejûn stride Ype Tiemersma, Ruurd Boorsma en Gearard Posthumus yn d earste foarronde om de titel “fuotbalprofessor fan SDS”. Elkenien is fan herte wolkom yn de kantine om wat op te stekken en fansels de 3 debutanten oan te moedigjen. De winner giet nei de grutte finale op 7 jannewaris 2006.

Ledengearkomst
Moandeitejûn wie de ledengearkomst. Wij moatte in jier wachtsje op it ferslach dêrom no dochs mar efkes wat  ledengearkomstnijtsjes.

  • Aukje Jetze Kroondyk stie wer efter de bar
  • Der wiene sa’n 35 mannen, dy’t wij net allegear neame sille
  • Der wiene trije froulju: Dukke, Immie en Tineke
  • De klup fan 50 hjit no de freonenklup fan SDS
  • Nei de winterstop komt er wer in F5
  • Oan de ein fan it seizoen komt der in slotjûn foar de jeugd
  • Jan Peter Bootsma traint noch altiten ien kear yn de wike bij sc Hearrenfean
  • Tineke Vink, it tige aktive bestjoerslid fan de jeugdkommisje, nimt ôfskie
  • Fokje Breimer en Klaas Sixma binne de nije jeugdkommisjeleden
  • Kontribúsje wurdt mei yngong fan de earst folgende betelling mei 3 % ferhege
  • In elektroanysk skoreboerd komt er yn febrewaris/maart
  • It positive eksploitatieresultaat fan 2004/2005 wie € 673,-
  • De begrutting fan 2005/2006 lit in tekoart sjen fan 1000 euro
  • Der komt in nije regeling foar donateurs. It bestjoer giet dit mei tastimming fan de gearkomst útwurkjen.
  • Plantinga en Boersma (in ferneamd akkountantsburo yn Easterein en Wommels en omkriten) hat de jildsaken fan ponghâlder Willem besjoen en goedkard
  • Steande de gearkomst is de namme fan it kantoar feroare yn de Boer en Boersma
  • Dukke van der Wey nimt nei 10 jier ôfskie fan it bestjoer. Loovjende wurden wiene der fan foarsitter Rienk
  • Dukke kriget in blomke en it SDS klompke
  • Sietske Okkema nimt it plak fan Dukke yn
  • André Vink wie al tuskentiids taheakke oan it bestjoer, mar no ek offisjeel.
  • Roel Sijbesma hat foar twa jier bijtekene
  • Der binne noch aardich wat jubileumboeken. Foarstel fan Bruinsma is om se beskikber te stellen oan de nije jeugdleden
  • Kontribúsje koarting foar futsallers, dy’t ek fjildfuotbalje is der net mear bij
  • Douwe Reitsma hat in persoanlike tulpenaksje opsetten en de opbringst 90 euro is foar SDS
  • Gearwurking mei oare klups yn de gemeente wurdt net útsletten. Dit nei oanlieding fan in fraach oer it nivo fan de jeugdalvetallen
  • De fulde koek wie wer hearlik
  • De earste twa bierkes ek trouwens.

Moarn wat mear nijs oer hoe’t in kantine in ferieningsgebou wurde moat.