Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
15 november 2005
Kwisjûn wepperkes
18 november 2005

Trainen ôflast
Foar fannejûn binne alle trainingen ôflast. It trainingsfjild is te wiet.


Giet wol troch
Fansels is it al de bedoeling jûn nei Easterein te kommen foar de foarronde fan de kenniskwis. It wurdt fêst in noflike jûn. It begjint om 21.30 oere.

Wa?
Der wie net ien die ’t it antwurd wist op de fraach welke Nederlânse fuotballer yn de Ierse kompetysje spilet(behalve Sicco mar dy hie it antwurd nêst de komputer lizzen sjoen). It goeie antwurd moat wêze:
Jermaine Sandvliet. Hy spilet by Drogheda United. Yn Nederlân wie hy aktyf foar FC Dordrecht.

Futsal: SDS 2 wint

SDS 2 hat juster 3 punten pakt yn Emmeloord. Sy wûnen mei 3-1 fan Flevo Boys. In knap rissultaat, hielendal om ’t sy gjin wiksels hienen. Sjoerd Rispens mei no fêst faker mei. Klik
hjir foar it ferslach fan Dirk-Yde.

Net folle prizen

Juster wie de trekking van de grote club actie.
De lotten 0724576 -0725025 binne troch SDS ferkocht.
Krekt as foarig jier binne der wer gjin grutte prizen by ús telâne kommen. Neffens Immie Kamstra allinne 4 x € 5, op in lot wat eindigt op 71.
De útslach stiet te lêzen op www.groteclubactie.nl.

Al in priis wûn?
Maak een kopie van het lot voor uw eigen administratie. Stuur het originele lot in een gesloten, gefrankeerde envelop naar:
Nationale Grote Clubactie, Postbus 90100, 5000 LA  Tilburg
Uw prijs wordt binnen 6 weken op uw rekening bijgeschreven.

Futsal: Krysttoernoai Frentsjer
Net SDS 1 mar 2 docht dit jier mei oan it Krysttoernoai fan Frentsjer. Sy sitte yn de folgende poule:
POULE A
Coöp Tolsma
De Kleine Beurs
Handels en bouwonderneming Miedema
Martens Vis
Restaurant Trebol
S.D.S.
Scheepsbouw Zuidema
Sportcentrum Shape
t Park
Titan Jelsum
v.v. Dronrijp




Letter mear!