Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
8 november 2005
SDS League: De Boers pakke de wykpriis!
9 november 2005

SDS1 futsal ferliest
Nei 2 minuten al in efterstân. Arjan Posthumus makke gelyk en Feite de Haan soarge foar it skoft noch foar 2-1.
Nei it skoft waard it al wer nei twa minuten gelyk en dêrnei kaam in fase dat SDS kânsen krige om 3-2 te skoaren. Dat barde net. It waard 5 minuten foar de ein 2-3 en Heerenveen sette te boel efter ticht. It waard sels noch 2-4.

SDS 2 futsal sil wol wûn hawwe
Wij meie oannimme dat SDS 2 de pot tsjin ZVH jûn wûn hat, want bij it skoft wie it al 2-0. Wij binne fansels benijd nei de echte einstân.

SDS 3 spile út tsjin LSC 3.
Sy hawwe ……… mei …- … De doelpunten binne makke troch …………, ………. en …………
Troch dizze ……….steane se no ………

Doelpunten
Bij senioaren kinne jim de ranglist fan doelpuntenmakkers wer fine. Wichard Deinum bliuwt it goed dwaan want hij priksiket der alle wiken wol in doelpunt bij.

LC Coach
Ek dit jier dogge der wer meardere SDS-ers mei oan de LC Coach fan it jier. Omdat er net in subleague makke is ûnder de namme SDS hawwe wij mar efkes sjoen bij alle
Wommelsers en Eastereinders dy’t meidien hawwe. Bij de Wommelsers stiet in fuotballer fan Tsjom op it earste plak en bij de Eastereinders dat Jan Rinse Blanksma de helpkoach fan A2 it sa oer nimme kin fan Durk Okkema.

Moandei ledengearkomst
Noch mar efkes de oankundiging dat moandeitejûn de jiergearkomst is fan SDS. Om 8 oere yn de kantine. De wurklist sjocht er
sa út.

De SDS League
Letter hjoed kinne jim hjir de nije stân fan de SDS League fine.

Titus’ toernoaien
Kommende snein wurdt der wer in sealtoernoai troch Titus Bergsma organiseare yn de sporthal. Wa sil der dit kear winne? Binne it de jonges fan O.N.S. of wint Kafé Bergsma, de Jimbar of De Greidhoeke it 1e toernoai? Jim kinne it snein sjen fanôf 11 oere.
Dit binne de data foar alle toernoaien:
13 november 2005 van 11 uur tot 16 uur.
11 december 2005 van 11 uur tot 16 uur.
22 januari 2005 van 11 uur tot 16 uur.
26 februari 2005 van 12 uur tot 17 uur.
Het horeca toernooi is op 8 januari 2005 van 11 uur tot 17 uur.