Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
7 november 2005
Wepperkes -woansdei-
8 november 2005

De tillefoan is der wer
Marcel Frankena syn mobyle tillefoan(in blau-grize Nokia) is wer terjochte. De mobiele wie net, sa as hy tocht, yn Easterein, mar lei by in ôfslach by Snits. Hjir hienen de mannen efkes in pi(t)sstop hân fanút Stadskanaal. De tillefoan wie fûn troch in man út Jebbegea(Gert-Jan Verbeek????).

Nije sjurts
Tongersdeitejûn nei de training fan SDS 1 wurde de nije sjurts fan SDS 1 presinteard yn de kantine. De nammen fan de sponsers American Base en Hanzedruk sille der no echt op stean. Freed op dizze side en sneon op it fjild kinne jim it resultaat sjen. Jim binne fansels tongersdeitejûn ek wolkom.

Oh, eeeuuuh……..sorry!

Trainer Marco en lieder Klaas fan SDS A1 rinne foar de wedstriid tsjin St. Anne rjochting de boks. Se prate wat mei elkoar mar sjogge net om harren hinne. Je kin sizze se binne mei hun twaën yn trans. “De tiid dringt se moatte der út, kom op we gean de boks yn en we gean der foar”. Klaas lûkt in doar iepen en rint nei binnen mei efter him oan Marco. Dy sil syn praatsje begjinne mar wat fan ploech sit hjir. De froulju fan ‘e Westerein(of wie it Feanwâlden) begroetsje harren. Fierdere details woenen de mannen net kwyt. It rissultaat wie wol dat Klaas it paad hielendal bjuster wie mei it flagjen. Dat kin net de bedoeling west wêze fansels.

Bynamme
By SDS 3 is it de gewoante dat eltsenien in bynamme hat. Sa hawwe sy Auke de Sloper, Gerrit Kill, Harm Pommie en Jeroen de Boer. It ferfelende fan in bynamme kin wêze dat je him sels net sa super fine. Hy wurdt ommers meastentiids troch oaren betocht. Sa makke Sjoerd van Beem sneon eindliks wer de 90 minuten fol nei lang lêst hân te hawwen fan blessures. SDS 3 wie sa bliid dat hy der wer wie dat sy him lyk de bynamme Sjoerd Seip jûn hawwe. Hindert neat soenen je sizze mar Sjoerd is der net sa wiis mei. Hawwe jimme alternatyven? Mail se nei info@vv-sds.nl!

Djoere skuon
As je net folle muoite dwaan wolle om oan fuotbalskuon te kommen dan freegje je Gearard van Asselt. Hy wurket by Aktiesport yn Snits en is op ‘e hichte fan alle nijjichheden en oanbiedingen. Je hoefe allinne je skuonmaat mar troch te jaan (en eventueel de kleur) en Gearard regelt de rest. Sa moast Willem nije sealskuon hawwe. Foar Gearard in makkie al wie maat 46 al wat lêstich te finen. Hjirfoar moast hy spesjaal nei Drachten. It wie it lêste pear mar tafallich ek noch yn de oanbieding. Gearard hat sy sels út Drachten helle en sneontejûns by Willem ôflevere. De skuon wienen net djoer mar der waard net folle winst mear op helle. Gearard hie yn Drachten in parkearboete krigen en by Snits waard hy flitst. Op it ein fan ’t beslút liet hy ek noch syn sjaal by Willem lizze.

Super!!??
As je fuotbalje kinne sa as Ronaldinho dan kinne je hiel wat, mar soe hy sa goed wêze as dit filmke je sjen lit??(klik hjir).