Wepperkes -woansdei-

Fenfan
15 februari 2005
Futsal: SDS 1 en 2 winne.
17 februari 2005

Kieze
Woansdeitejûn is der hiel wat te kiezen. Ajax of Feyenoord sjen. Of alle beide. Of dogge je soks net.
Je kinne ek nei it futsal gean yn Easterein. SDS 1 moat it opnimme tsjin de koprinner Heerenveen. SDS 1 kin noch wol wat puntsjes brûke en sil krekt as in pear like lyn graach stunte wolle tsjin de koprinner. Om 21.00 oere bejint it. Gelyk dêrnei moat SDS 2 tsjin Flevo Boys. Neffens ús seker de muoite wurdich om net te kiezen foar Ajax of Feyenoord. Kom allegear dus!

Kidoki??
Dizze foto fan Doede-Rients Okkema mei syn sjurt fan Kidoki stiet yn ús rubryk “Fenfan”.

Kidoki stiet yn in rygje mei û.o. Overmars, Van Nistelrooy, Beckham, Ginola en Nurmela, mar wa is Kidoki eins? En wêr spilet hy(of is it in sy?)? Wa as it wit mei it maile nei info@vv-sds.nl

Links
Alle links by de senioaren en junioaren nei de KNVB wurkje wer. Eltsenien kin dus wer by syn team sjen om de útslagen, it programma en de stân.

De “nije” SDS League
Wy wienen fan doel om de SDS League ôfrûne wykein starte te litten. It begjint der allinne op te lykjen dat de VI ús dizze wike yn ‘e steek lit mei de puntentelling. Wierskynlik begjinne wy dan kommend wyekin en stiet de earste stân yn de nije Treffer.

Darte
De dartspylkjen fan SDS hawwe it ljocht aardich op it darten setten. Je kinne lid wurde fan de klup yn Easterein. Je kinne earst ek noch efkes oefenje. Mei
dit spultsje dart leare je ek noch wat.

Kungfu
Fuotbal en kungfu kin ek kombineard wurde. Sa sjogge je dat op dit
filmpke.

Sjurtsjes
Wy hoopten 2 wike lyn op 25 sjurtsjes mei nammen. Wy sitte al op 28 en binne der no fan oertsjûge dat wy de 50 helje kinne. Wa tipt ús of stjoert ús foto’s. (
info@vv-sds.nl) Sjoch foar de skitterende searje by Fenfan by SDS supporters.