Futsal: SDS 1 en 2 winne.

Wepperkes -woansdei-
15 februari 2005
Seleksjes SDS 1,2,3 en 4.
18 februari 2005

Futsal: SDS 1 pakt 3 punten.
Nei twa ferliespartijen efter elkoar waard it wol wer ris tiid dat SDS 1 wûn. Justerjûn mochten sy dit dwaan thús tsjin de nûmer 2 SC Heerenveen 2. SDS spile somtiden net gek en wûn mei 3-1.
SDS hie al wat leard fan de wedstriid tsjin Foarút en soe net blyn oanfallen gean. Sy lieten Heerenveen it spul wat meitsje en kamen der sels sa no en dan gefaarlik út. SDS koe sa foar de rêst 2 kear skore troch Robert en Tsjipke. Doe ’t it nei de rêst nei wer in útfal 3-0 waard, troch Willem nei in één-twee mei Harm,koe der neat mear mis gean. SDS bleaun geconcentreerd ferdedigjen en joech Heerenveen mar weinich kansen om te skoren. Jan Simon stie knap te keepen, mar koe net foarkomme dat it noch 3-1 waard.
Wichtige punten foar SDS dy ’t sy wol brûke kinne om yn de 1e Klasse te bliuwen. Folgende wike is SDS 1 frij.

By SC Heerenveen 2 spile û.o. âld-prof Jan de Jonge(hielendal links), dy ’t no assistint is fan Gert-Jan Verbeek by SC Heerenveen.
 Doe ’t de skiedsrjochter net opdaagjen kaam, wie lokkich genôch de rapporteur bereid om de wedstriid te fluitsjen. Super!!

Futsal: SDS 2 wint ek.
Justerjûn hat it twadde sealteam fan SDS trije hiele belangriike punten pakt. Yn Easterein waard mei 5-2 wûn fan Flevo Boys. SDS stiet no noch feiliger boppe de degradaazje sone. Omdat de skeids net wie kommen opdaagjen moast Willem Overal fluitsje. Dit die hij goed.
Folgjende wike stiet de útwedstriid tsjiin Renado út St Nyk op it programma.
Skoreferrin:

6e min. 1-0 (Mark)
21e min. 1-1
24e min. 2-1 ( Pieter)
Twadde helte:
9e  min. 2-2
22e min. 3-2 ( Jacob-Klaas)
23e min. 4-2 ( Mark)   
24e min. 5-2 ( Skelte)
(Dizze gegevens waarden ús oanlevere troch Immie Kamstra, Mark en Skelte)