Wepperkes -woansdei-

Midwintercup: SDS 2 útskeakele.
4 januari 2005
Midwintercup: SDS 1 en RES 2 troch.
5 januari 2005

Kenniskwis
Kommende sneon is de grutte finale om de titel fuotbalprofessor fan SDS. Tidens de neijiersresepsje fan SDS sil dit feest plak fine. De resepsje begjint in oere as 5 en de kwis begjin om klokslach 5 foar seizen.

Kom op tiid want fol is fol.

Kandidaten binne: Willem, Wichard, Lolke, Mark en Kees.

 

De lifters fan SDS
Tige teloarstellend sa moatte wy de prestaasjes fan de SDS lifters omskriuwe. Allinne Klaas Malda kin mei syn tredde plak werom sjen op in goeie partij. Wy sille it de debutanten Sjoerd Rispens en Dirk Yde Sjaarda net kwea ôfnimme dat sy yn de efterhoede einigen, hoewol Drik Yde wol hiel lang op de grins fan Nederlân en Dútslân hingjen bleau. Dúdlik is ek dat dy net alinne op paad kin nei in útwedstriid fan SDS. Meast teloarstellend wiene ús eigen grutte favoriten Sjoerd en Jan. Nei in oantal trainingskampen, ekstra lessen aardrykskunde op de Pabo en útrêsten mei in kompas kamen se net fierder as in 9de plakje. Sy hawwe hiel wat út te lizzen.

 

Futsal
Woansdeitejûn om kertier foar 7 oere begjint it Futsaltoernooi yn de sporthal fan Easterein. SDS 1 docht ek mei. Wy rekkenje op in protte supporters. De earste wedstriid is lyk in “kraker”; SDS – Mulier. Dat betekent de nûmer 1 tsjin de nûmer 3 fan de Midwintercup fan foarich jier.

Finalisten Midwintercup
De hiele wike binne der foarronden foar de finales fan de Midwintercup folgende wike sneon yn de Trije yn Frentsjer. Dit binne de earste ploegen dy ’t hun (moandei)plaatst hawwe foar dizze finales:
Friesland, De Herauten, DIO Oosterwolde, Haskerland, Blauw Wit’34 2 en Waterpoort Boys. Tiisdei kamen dêr yn elts gefal Workum 2 en FFS 1 by. De nûmers 1 en 2 út elke poule geane nei de finales.

Klaas Westra tekent by
Âld-SDS’er Klaas Westra is sûnt dit seizoen trainer by sneons-3e-Klasser D.W.P. út Sint-Jânsgea. D.W.P. docht it net sa gek as middenmotor yn de 3e Klasse. It bestjoer is dêr wol wiis mei en it foldocht Klaas dêr ek wol want hy hat foarige wike foar 1 seizoen bytekene. D.W.P. is jûn ien fan de tsjinstanners fan SDS yn de striid om in finaleplak foar de Midwintercup.

Voetbaltrucs!
In soad jeugd hat noch fakansje. As sy no neat te dwaan hawwe, probearje dan dizze truuks te leren. It sil my benije as wy der nei de winterstop wat fan werom sjogge. Sjoch op www.voetbaltrucs.nl. Echt geweldich!! 

Frysk Deiblêd sjocht it wol sitten mei SDS
Dit stie ôfrûne freed yn it Frysk Deiblêd;
……….Bovendien werd bekend dat het huidige hoofd opleidingen Mark Frankena uit Leeuwarden de club aan het einde van het seizoen verlaat. Frankena (35) was sinds 1997 parttime bij de club in dienst. Frankema wordt volgend seizoen trainer van de succesvolle eersteklasser SDS. De huidige trainer Lykle Bleekveld uit Dronrijp verlaat de club uit Easterein al na één seizoen.
It Frysk Deiblêd sjocht it hielendal sitten dat SDS dit seizoen promovearret nei de earste klasse. Ek liket it dat de nije trainer fan SDS in goeie bân hat mei de pers. It Frysk Deiblêd mei ek Mark sizze(ynstee fan Marcel). Wa as dy Frankema dan wêze moat witte wy net.
Klik hjir foar it hiele artikel.
(Hendrik de Jong bedankt foar de tip!)

Link!
Ik wurd net gau lilk, mar hiel soms dan sit it je de hiele dei al tsjin en da krije dit. Dan wurd ik pas link!

Letter mear!