Midwintercup: SDS 2 útskeakele.

Helpaksje foar Asie
4 januari 2005
Wepperkes -woansdei-
5 januari 2005

Hjir alle útslagen fan de wedstriden fan fannejûn yn Workum:

Workum 2 – FFS 1 0-1
RES 1 – SDS 2 1-2
SDS 1 – Workum 2 1-2
Terschelling – RES 1-0
Workum 2 – Terschelling 2-1
SDS 2 – FFS 1 1-3
Terschelling – SDS 2 1-3
RES 1 – FFS 1 0-4
FFS 1 – Terschelling 4-2
Workum 2 – RES 1 3-1

Balk kaam net opdagen en docht dus net mei.
Terschelling die mei yn ’t plak fan Lemmer/Bentex.

Dit is de einstân:
FFS 4-12
Workum 4-9
SDS 4-6
Terschelling 4-3
RES 4-0

FFS en Workum geane troch nei de finales yn Frentsjer.

Foar SDS 2 dienen mei: Marten, Jappie, Gert-Jan, Jacob-Klaas, Ruurd, Hendrik en Kees. Dizze ploech stie fansels ûnder lieding fan Lykle Bleekveld en Anne Brouwer.

Dizze jûn wienen der twa skiedsrjochters beskikber. Dizze soenen om de beurt fluitsje. Doe ’t de skiedsrjochters it hjir ûnderling net oer iens wurde koenen is der ien nei hûs ta gien. Ien skiedsrjochter hat de rest fan ‘e jûn alle wedstriden floten. Dizze man yn ’t swarte pak kinne jimme fêst noch wol fan de bekerwedstriid dy ’t hy earder dit seizoen floot by SDS 1. Willem Wijnia moast doe noch in penalty nimme wylst de penaltyserie al beslist wie.