Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
28 december 2004
Wa hat it hoofdfjild fan SDS fernield?
29 december 2004

Wa soe it hoofdfjild fernield hawwe?
Wa hat neffens jimme it hoofdfjild fernield of wa hie yn elts gefal goeie motieven? Is it ien út Nijlân? Is it in nijjiersstunt en wurde de spoaren nei âld en nij der wer kreas yn lein? Hie de ry-instrukteur fan Jacob-Klaas Haitsma dit alles foarkomme kinnen? Wat is jimme idee? Mail it nei info@vv-sds.nl! Jûn kinne jimme der mear oer lêze. 

Nije trainer?
No ’t Lykle Bleekveld nei dit seizoen fuort giet by SDS moat der ek wer in nije trainer komme. It docht bliken dat SDS der gong efter set om in nije trainer te krijen. Jimme koenen al lêze dat der al in adfertinsje op Voetbalnoord stiet. No hawwe wy fernommen dat der juster sels al in trainer op gesprek west hat. Wy binne benijd.

SDS C1 rêdt it ek net
Ek SDS C1 hat it net rêden om yn de eindronde fan it KNVB-toernoai te kommen. Sy waarden hjoed 3e yn Snits. Klaas Pompstra makke in ferslach. Lês it hjir.

KNVB-toernoaien?
Sawol SDS A1 as B1 binne juster en jajuster útskeakele. By de A’s waard LSC 1890 earste en SC Joure 2e. By de B’s waard SC Joure 1e en JV Bolsward 2e. Moarn moat SDS D1 yn Snits(WZS-hal) spylje. Wy hoopje dat dit wat better giet.

SDS Krysttoernoai
Hjoed waard yn Easterein it SDS-Krysttoernoai hâlden foar de D, E en F-pupillen. By de D-pupillen gie de 1e priis nei Espanyol(Sicco Scheltema, Bart Vink, Wouter Jan Postma, Arjen Noordmans en Marcel Veenstra). Jimme kinne hjir noch foto’s ferwachtsje fan dit toernoai.

Krysttoernoai Frentsjer
Hjoed stiet yn de Frentsjerter Krante in grut ferslach oer it jierlijkse Krysttoernoai yn Frentsjer. Op de moaie webside fan
ZVF stiet dit ferslach ek hielendal. Klik hjir foar dat ferslach.

Jan Kostelijk-toernoai
Yn Ljouwert wurdt elts jier yn de lêste dagen fan it jier it Jan Kostelijk-sealtoernoai hâlden. Hjir dogge allinnich mar Ljouwerter ploegen oan mei. Yn ‘e Blau-Wyt-hal wurdt strieden om it “kampioenskip fan Leeuwarden”.  Moarntejûn wurde hjir de finales fan hâlden. Sjoch
hjir foar it hiele programma.

Midwintercup 2005
It folledige programma foar de Midwintercup fan 2005 is ynmiddels by ús bekind. Binnenkoart kinne jimme it hjir besjen. Hâld yn elts gefal tiisdei- en woansdeitejûn 4 en 5 jannewaris frij yn ‘e aginda.

Wat moat Sjoukema no?
No ’t Sjoukema ophâlden is mei de fjildfersoarging by SDS binne wy benijd wat hy no dwaan giet. Syn famylje mailde ús al efkes in foto fan Sjoukema.

Mar goed dat hy ADSL hat, want sa giet it net sa hurd.

Betink in aardich ûnderskrift en mail it nei
info@vv-sds.nl