Wa hat it hoofdfjild fan SDS fernield?

Wepperkes -woansdei-
29 december 2004
Nije haadtrainer foar folgend jier bekind
30 december 2004

In soad reaksjes krigen wy op ús fraach: wa hat it hoofdfjild fan SDS fernield? Wichtich om te witten is foaral wat foar motieven de eventuele dieder hân hat. It docht bliken dat wy binnen SDS genôch minsken hawwe dy ’t tige tûk binne om soksoarte saken op te lossen. Sa hawwe wy genôch minsken dy ’t wolris op “boevejacht” binne.

 
-P. Baantjer(SDS 5)
-Jos de Behanger(SDS 2)
-In foarmalich ponghâlder
 
En at se him dan hawwe kinne se him miskien wol ôfleverje by de trener fan de A’s.

Dizze pet past ús dochs allegear?

Yn dizze saak hawwe wy inkelde tips krigen. Inkelde dêrfan komme aardich meiinoar oerien.

Binnenkrigen tips:
1. It hat fêst in Wommelser west.
Mei it idee fan : at jim sanedich it fjild by ús oer de kop helje dan sille wy jim yn Easterein wol krije.

2. It hat Jacob Klaas west (tafallich ek in Wommelser)
Jacob Klaas krijt wolris te hearen dat syn (om)skeakeling yn it fjild goed is. Doe’t syn rydynstrukteur krekt foar it eksamen tsjin him sei dat it skeakeljen noch net goed gie, tocht er fan : dan is it miskien goed om noch efkes te oefenjen op it plak wêr’t it wol goed is. It fjild dus.

3. It kin hast net oars dan dat it Peter Sybesma west hat. Yn Frentsjer in mountain-bike wûn en dizze lyk mar útprobeare op in stik wiete grûn.

Neffens ús komt dit profyl aardich oerien.

4. Ik lees dat Jacob-Klaas zijn rijbewijs heeft gehaald,en kort daarna is er iemand over het hoofdveld gereden,
volgens mij is dit Jacob -Klaas geweest die de macht over het stuur is verloren.
(Wicky)

Miskien hie Jacob-Klaas dochs noch efkes in skoftke yn dizze auto ride moatten.

5. Dirk de Jong kin it ek goed west wêze. Wy hawwe him sizzen heard; “Ik de twadde helte fan it seizoen net fuotbalje? Dan de rest fan SDS ek net!”
 
Soe dit úteinlik de oorzaak west hawwe?

6. Ik ha hjerd dat it de spielers-frouwen van nijlan wienen!
(de Kapitein)


7. Lykle Bleekveld wurdt ek neamd as mooglike dieder. It soe wêze kinne dat hy op dizze manier de looplijnen dúdlik meitsje wol.


Konkluusje:
Net ien fan dizze minsken hat it wêze kinnen. Dizze minsken soenen soks noait yn ‘e plasse krije.

Jammer genôch is it dochs bard dat ien soks al yn ‘e plasse krijt, sûnder der by stil te stean wat sy inoar hjir mei oan dogge. Wy hoopje mar dat it fjild wer gau op te lapjen is.