Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
30 november 2004
SDS League: Pieter Kamstra pakt wer de wykpriis!
2 december 2004

Utslach SDS 1 – GoldenOldies
In spannende wedstriid dy’t einige yn 3-3 mei doelpunten fan Willem, Tsjipke Klaas en Harm.

Nije jeugdtrainer
Fan Jappie Wijnia krigen wy it berjocht dat it no fêst stiet dat Marco Hoekstra takem seizoen de jeugdtrainer wurdt fan SDS. Dat is hiel goed nijs, want de fakatuere is op dit stuit net ynfold. Boppedat kin Marco de klup goed.

SDS 1 wint wer ris in oefenwedstriid.
SDS 1 hat juster syn oefenwedstriid tsjin Ouwe Syl 1 wûn mei 4-3. Yn Jelsum koe SDS 1 ûnder lieding fan Wichard Deinum einliks wer ris in oefenwedstriid winne. Klik op de link foar syn ferslach.

Futsal: SDS 1 net kompleet?
SDS 1 spilet jûn om 21.00 oere tsjin de Golden Oldies út de Westerein. SDS hat thús alles noch wûn en woe dat mar sa hâlde. SDS kint wol wat personele probleemkes. Robert Sybesma mei foar it earst wer meidwaan nei syn skorsing mar moat heechstwierskynlik wurkje. Keeper Jan Simon Jelsma rekke juster blesseare oan syn skouder en hie al lêst fan in finger. Fan beide spilers is it dus net wis as sy meidogge.

De nije SDS-League
Sa as it no stiet kinne jimme hjir jûn de nije stân fan de SDS-League besjen.

1e periode?
Op 18 desimber wurdt Leeuwarder Zwaluwen 2-Noordscheschut spile. Nei earder staakt te wêzen wurdt dan de hiele wedstriid oerspile. SDS 2 wit dan ek as sy de 1e periode wûn hawwe as net. Leeuwarder Zwaluwen moat winne om de 1e periode yn Ljouwerter bezit te krijen.

RTL 4 komt nei Jimbar
At je fan tútsjen hâlde en net fan de kenniskwis dan jouwe wy in tip: gean tongersdei nei de Jimbar om 19.00 oere. Dêr wurde troch RTL4 opnames makke foar it programma Editie NL , wat útstjoerd wurdt op freedtejûn betiid. Sy wolle graach dat er in protte tútsjende steltsjes binne. Hâlde je net sa fan tútsjen mar wol wat fuotbalkennis, kom dan nei de kantine foar in noflike jûn kenniskwissen. Hâlde je fan beide gean dan earst nei de Jimbar en kom om 21.30 nei de kantine.

Wat antwurden op fragen dy’t wy stelden.
Oer de foto by it Fean(snein): volgens mij is it sinterklaas mei it but iene nekke (Jan de Jong)

Oer Willem dy’t yn byld wie by Omrop Fryslân(moandei): Willem moat ophalde te smoken!!! (Freddy)

Oer de opwaarmfraach(tiisdei): Rudy Wiertz en Johnny van Wensveen (Freddy)
(helaas is dit antwurd net goed, wa jout it goeie antwurd)