Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
29 november 2004
Wepperkes -woansdei-
1 december 2004

Jongereinkommisje
De jongereinkommisje is wer foltallich. Neidat Koos Plantinga per novimber der útgien is, omdat syn sittingstiid der op siet, hat men socht om in nije lid. Anco Elgersma, fuotballer fan SDS 3 makket it seistal wer kompleet. Hulde.

Jongereintrainer
De jongereinkommisje en it bestjoer binne al lange tiid op syk nei in jongereintrainer foar mei namme de A-1. It liket der op dat ynkoarten der dúdlikheid komt per takem jier. Lês moarn of tongersdei mar wer op dizze side.

Wa wurdt de 5de finalist?
Kommende tongersdeitejûn sille der trije “jonkjes”fan SDS stride om it lêste finaleplak. Wurdt it Durk of Dirk Yde. Of hâldt dy dúvelske Mark Postma dy Eastereinders út de finale en spylje wy yn jannewaris in finale mei 4 Wommelsers en in Ljouwerter.
Kom allegear en moedigje jim favoryt oan. It begjint 21.30 oere en fol is fol.

Omwaarmfraachje
Op 5 desimber 1971 spile Wageningen tsjin Heerenveen. 1-4 wie de einstân. Wa skoorde in hattrick en wa makke it 4de doelpunt.
It antwurd kinne jim maile nei
info@vv-sds.nl

Futsal
Woansdeitejûn kinne wy wer genietsje fan sealfuotbal. Om 21.00 oere spylje de SDS-ers tsjin de Golden Oldies.  De oare twa futsalploegen hawwe frij dizze wike.
By agenda kinne jim it hiele programma fan dizze wike fine.