Wepperkes -woansdei-

SDS League: De Ideale Elf
27 april 2004
Bolswardia-SDS
28 april 2004

A-1 ferliest
A1 moast tiisdeitejûn de lêste 49 minuten útfuotbalje tsjin LSC út Snits. De begjinstân wie 0-1. It die bliken dat SDS net folle yn te bringen hie tsjin de technysk feardige fuotballers út Snits. It waar úteinlik 1-5. It doelpunt fan SDS kaam  fan Sjoerd Rispens. Hy skoorde út in strafskop. SDS moat sneon wer alle silen bysette yn de útwedstriid tsjin SC Joure A1 om net te degradearjen.

SDS 5 kampioen?
Der is kâns dat SDS 5 woansdeitejûn kampioen wurdt. At se winne fan Ryptsjerk is it klear. Soe it net slagje dan folge der noch 5 thúswedstriden om 2 punten te heljen. It begjint om 19.00 oere. Kom dus allegear! In ererûnde foar 2 supporters soe ek wat sneu wêze.

Kampioensbenen?
Wy hawwe it ferslach fan Stefan van Krimpen binnen oer SDS 2. Wa fan SDS 2 hat lêst fan “kampioensbenen” en hoe sit it mei de skerpte. Jimme kinne it lêze ûnder Senioren, SDS 2, Wedstrijdverslagen.

Webside Bolswardia
Mocht Bolswardia krekt sa spylje as dat hun webside wurket dan hat SDS 1 sneon in makkie. Sjoch mar ris op www.bolswardia.nl
.

Prognose foar sneon
Op de webside www.voetbalnoord.nl
 wurdt eltse wike in prognose dien oer de wedstriden dy kommen gean. Wat Voetbalnoord oangiet wurdt SDS sneon kampioen. Sy hawwe it derop dat SDS sneon wint by Bolswardia en dat Be Quick Dokkum thús lyk spilet tsjin Rottevalle. Dat SDS it dreech kriget yn Boalsert is wol dúdlik. Sjoch mar ris nei de ûnderlinge rissultaten fan ‘e lêste jieren.

Datum

Type

Thuis

Uit

V

T

29-11-03

comp

SDS

Bolswardia

2

3

 

1-6-02

nacomp

SDS

Bolswardia

1

3

 

26-8-00

beker

Bolswardia

SDS

1

2

 

10-4-99

comp

Bolswardia

SDS

4

1

 

3-4-99

comp

SDS

Bolswardia

1

0

 

Neffens my kin it alle kanten út.

Wat moat je oars?
Je witte wol hoe dat giet. Nei it húske moatte je altiten op mominten dat je it net past. Je geane te winkeljen mei de frou en je binne noch net út de auto of de broek stiet op spanning. Ek foar in wichtige wedstriid hawwe jo wolris soks. Wy hawwe in no in tip foar de fuotballers fan SDS 1. Mocht ien fan de spilers no sneon pisje moatte sa flak foar de wedstriid doch it dan asjeblieft net yn ien fan dy Boalserter strúkjes want geheid dat de pleatselike stêdswacht je yn ‘e kraach pakt en je op it plysjeburo pas wer los lit. Sjoch hjir hoe jimme dit oplosse kinne.
P.s. Tink der al om dat je net tefolle druk fan efteren jouwe.