Bolswardia-SDS

Wepperkes -woansdei-
28 april 2004
SDS League:Feenstra Boys kin de titel hast net mear misse.
29 april 2004

Sa at jimme hjir juster lêze koenen draget eltsenien syn stjintsje by oan ‘e winst(fansels) fan SDS 1 kommende sneon op Bolswardia. Wy hawwe in oprop dien om te mailen op wat foar wize jimme in bydrage leverje. Jimme kinne it maile nei; info@vv-sds.nl.

Hjirûnder kinne jimme lêze dat der al hiel wat minsken yn ’t spier binne foar in goed rissultaat.

*Anne Brouwer(lieder fan SDS 1) syn broer Jelle  is wethâlder yn Boalsert. Anne sil syn broer ûnder druk sette dat Bolswardia gjin subzydzje mear krijt at se fan SDS winne. Jelle Brouwer sil binnen Bolswardia der fan alles oan dwaan moatte om te ferliezen. Oars stapt Anne ut de famylje en binne der gjin famyljegearkomsten mear yn ‘e Jimbar. Dit soe beide in hiele aderlitting wêze.

*Douwe Durk stopt mei weromwurkjende krêft mei de bydragen oan “’t Groentje” at se SDS net winne litte. Ek sil hy der foar soargje dat hy kommend seizoen alle wedstriden fan Bolswardia fluitet.

*De sponsor fan Bolswardia (Jumbo) sil der foar soargje moatte dat se harren ynfloed brûkt. Mocht SDS net winne dan kinne wy net oars as tenei mar ús boadskippen by de Poiesz te heljen.(dit is samar klear want de Poeisz hat tenminste nochris in kratsje bier yn ‘e reklame)

*Meinte Wesselius hat tasein dat hy syn heit Syb nea wer meinimt nei SC Heerenveen at hy der net foar soarget dat SDS wint fan Bolswardia. Ek soanen Sybren en Pieter hawwe dit pake op it hert drukt. It soe dochs sneu wêze at dizze skattige bêrn nea wer mei pake nei it fuotbaljen yn it Hearefean kinne.

*Dit mailtsje út Boalsert koenen wy ûnderskeppe op it ynternet:
De onderhandelingen over de wedstrijd van aanstaande zaterdag op het Bolwerk in Bolsward zijn gestart. Bijgaande foto is hiervan een bewijs. De heer ……. toog heden naar Bolsward om te onderhandelen over de uitslag van Bolswardia – SDS. Met de uitslag van 1 november in Oosterend in het achterhoofd is de achterban van SDS er blijkbaar niet gerust op. Over het resultaat van de onderhandelingen worden verder geen mededelingen gedaan.
 
Groet,
A-Selectie Bolswardia

Gjin kommintaar!