Wepperkes -woansdei-

SDS League: Pieter Kamstra pakt wykpriis!
27 november 2007
Wepperkes -tongersdei-
28 november 2007

Futsal(1)
SDS 1 moat jûn nei Urk. SDS giet mei Jan-Simon, Tseard, Skelte, Feite, Anne en Harm probearjen om 3 punten mei te nimmen. Peter(ljisk), Robert(búk), Tsjipke en Willem(eamelpoat) binne der net.

Futsal(2)
SDS 1 liket wat rommer yn syn spilers te kommen. Sawol Tseard Breeuwsma as Jildert Hylkema hawwe oanjûn om ek wol sealfuotbalje te wollen. Troch oare drokten(wurk en leren) binne sy wierskynlik net eltse wike ynsetber.

Futsal(3)
SDS 3 spilet jûn om 20.30 de derby tsjin WZS 4.

Futsal (4)
SDS sil dit jier ek wer meidwaan oan it Krysttoernoai fan Frentsjer. Sy spylje op de sneons foar Kryst en op 2e Krystdei. Sjoch hjir foar de lotting(klik hjir).

Oare trainingstiden
SDS 2 traint sûnt foarige wike op tiisdeis en tongersdeis net mear om 20.30, mar om 20.00. SDS 1 begjint dan om 19.00. As de jeugd wer bûten trainen giet dan wurdt besjoen as dit sa bliuwe kin.

Winterstop?
Trainer fan SDS 2, Hylke Schrale, is al aardich dwaande west mei it programma foar yn de “winterstop”. Klik hjir om it oefenprogramma foar SDS 2 te besjen.

Oefenje
SDS E1 en E3 sille kommende sneon tsjinelkoar oefenje. De wedstryd is ferstetten fan 11.00 nei 10.00 oere.

Treffer
Mochten jim noch wat foar de nije Treffer hawwe dan moat dit foar it ein fan de wike by ús wêze. Mail it nei DeTreffer@vv-sds.nl!

Âlde hobby
Henk Postma lit ús witte dat hy nei it wynpriuwen fan ôfrûne sneontejûn dochs mar beslúten hat it by syn âlde hobby te hâlden; snoekfiskjen. Wy binne it mei him iens dat hy hjir ek mear foar yn de widze lein is…….

Snoek(106 cm) mei Henk (190 cm)…….

Mallorca
Aant sit al inkelde dagen op Mallorca en lit witte it tige nei syn sin te hawwen. Wy benije him oars net. It blykt op Mallorca hurder te waaien as hjir, Aant krijt allinnich mar fisk(en dêr sit gjin sâlte hearring by!), hast gjin fuotbaljen op de tillevysje te sjen en hy is de jongste Nederlander op Mallorca. Wy hienen allang wer thús west……

Mei net
It fuotbalpublyk yn Dútslân hat it net sa op de keeper fan it Dútse alvetal, Jens Lehman, stean. Dit jild fan beide kanten(klik hjir).

Dit wie foar hjoed genôch. Moarn fêst mear!