Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
27 november 2007
Seleksjes 1 desimber
29 november 2007

Futsal: SDS 1ûnderút
SDS 1 is der op ‘e nij net yn slagge punten fanôf Urk mei te nimmen. Sy ferlearen justerjûn mei 3-1, wêr ’t der miskien wol in lykspultsje yn sitten hie. Harm makke de ienige goal foar SDS.

Futsal: Wat die SDS 3?
Wy binne benijd wat SDS 3 juster thús dien hat tsjin WZS 4. Mail it nei
info@vv-sds.nl!

SDS 2 pakt 500!
SDS 2 pakte in dikke priis yn de Grutte Klupaksje. Sy wûnen mar leafst 500……. eurosint. Lieder Jan de Jong beried him der noch op wat mei it jild te dwaan. It sil fêst in grut feest wurde. Hawwe jim noch ideeën? Mail se nei
info@vv-sds.nl!


“Topper”
De SDS-famkes hawwe sneon in “topper”. De SDS-famkes steane no noch lêste, mar sy kinne sneon ôfstân dwaan fan dit plak. Sy moatte sneon tsjin Harlingen, de nûmer ien nei lêst fan de kompetysje. Mochten de Eastereinder froulju winne fan de Harnsers “fiskwiven” dan komme sy lyk te stean. De wedstryd is sneon om 13.00 yn Harns.

Jeugdtoernoaien
Wy binne tige benijd nei de data fan de sealtoernoaien foar de jeugd fan ’t winter. Wa kin ús de data maile? Mail nei info@vv-sds.nl!

Tip!
Gearard Posthumus tipte ús oer de folgende wedstryd. Ôfrûne wike spilen Jong Ajax en Jong Heerenveen tsjinelkoar. It skoreferrin die tinken oan in wedstryd fan Ajax en SC Heerenveen yn de jierren 50. Gean der mar efkes foar sitten(klik hjir).

Knap!
As je it sa wolle, dan slagget it je net(klik
hjir).

Kwis
Wy hawwe wer in alderaardichste kwis fûn op de webside fan de VI. Wy binne benijd nei jim goeie antwurden(klik hjir).