SDS League: Pieter Kamstra pakt wykpriis!

Winterstopprogramma SDS 2
27 november 2007
Wepperkes -woansdei-
27 november 2007

It is dizze wike Pieter Kamstra dy ’t der mei de wykpriis fan troch giet. Mei syn “Poldervogels” fleant hy 42 punten byelkoar en bliuwt hy “058-eeeh” fan Skelte Anema krekt mei 1 puntsje foar.

De “Eastender Nightmares” fan Sybren Wijnia stiet fansels noch altiten boppe-oan, “Forever Young” fan Anna-Marie en Petra Wijnia stiet 2e en “Peppi & Kokki” fan Tom en Pieter Wijnia stean 3e. Ik snap der neat mear fan……..

In heech “iten-gehalte” op it heden yn de top 10. “Peppi & Kok(ki)” op 3, “Goudhaantje”(Feite de Haan) op 6, “Al Bundy; The Chief”(Sjoerd van Beem) op 7 en “The Butchers”(Lolke Bouma) op 8. 

Stiif ûnderoan, 2 punten, “P.van P.”

Wy ferwachtsje yn de folgende SDS-League in soad fan Tsjipke Okkema. Hy docht no noch net mei, mar is syn technyske staf al oan it gearstallen.
Tsjipke & Sjaak Swart
Tsjipke siket net de minsten út………

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 9.