Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
4 september 2006
Wepperkes -tongersdei-
6 september 2006

SDS A1 – Franeker A1
SDS hie noch in teoretyske kâns om troch te gean yn it bekertoernooi. Mar dan moast der wol wûn wurde fan Franeker A1. Uteinlik slagge dat: doe’t it hast tsjuster wie stie der in 2-1 skoare op it boerd. Yn de earste helte skoorde Sytze Kooistra. Franeker kaam op 1-1 mar nei de the krige Feiko de beste kâns om 2-1 te meitsjen. Helaas miste hij de strafskop. Krekt foar tiid makke Eeltje Postma de fertsjinne 2-1. Jammer genôch hat Makkum wûn fan Bergum/BCV en giet Makkum troch nei de folgende ronde.

Blessure
De tsjinstanner fan SDS A-1 makke der yn it lêste healoere fan de wedstryd in flinke skopperij fan. Foaral de Braziliaan Vitor moast it ûntjilde.
Doe’t hij yn it strafskopgebied ûnderút helle waard, krige SDS wol in strafskop mar Vitor bleau lizzen. De fersoarging moast der bij komme mar it duorre de doelman fan Franeker te lang. Hij sleepte de “earnstich” blessearde Vitor sa’n meter as 5 bûten de linen.
Tsjin de sin fan de Brasiliaan. Hij gie stean,  rûn fleurich en fit wer nei it plak ta wêr’t hij lei en gie wer lekker lizzen mei syn “blessure.”

Clarence Feiko
It seizoen is noch mar krekt los en wij hawwe al wer ien foar it Clarence sluierklassemint. Feiko Broersma skeat yn de wedstryd tsjin Franeker tsjin de doelman oan. Op 17 april 2004 miste Feiko ek in strafskop. At jim it hiele klassemint nochris besjen wolle dan kin dat
hjir.

SDS 2 wint mar komt goal tekoart
SDS 2 wûn juster mei 4-2 fan Makkum. De earste helte wie dúdlik foar SDS mar it wie Makkum dy ’t mei in 2-0 foarsprong nei 2 knappe kounters de rêst yn gie. De twadde helte wie it hielendal dien mei Makkum en koe SDS de goal al fine. Dennis makke de 2-1(nei yn de earste helte al peal en latte rekke te hawwen), Pieter dwong de Makkumers tot in eigen goal(2-2), Sjoerd makke de 3-2(mei links!) en Erik makke der 4-2 fan(ek mei links!).
Workum 2 ferlear mei 4-3 fan Balk. Hjirmei hawwe SDS 2 en Workum 2 likefolle punten. Ek hawwe sy beide +4 as doelsaldo. Jammer genôch makke Workum 9 en SDS 8 doelpunten wêrtroch Workum trochgiet nei de folgende ronde.

SDS B1 ferliest
B1 hat woansdeitejûn de bekerwedstryd mei 2-3 ferlern fan St Anne.

SDS League
Jim hawwe noch 10 dagen om jim team foar de SDS League yn te leverjen.
Wy hawwe ynmiddels al 6 teams binnen!
Klik hjir om ek mei te dwaan!

Programma
Ek woansdeitejûn is der wer fuotbal yn Easterein. Op it fjild en yn de seal. It giet allegear om de beker. Sjoch bij agenda programma dizze wike.