Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
5 september 2006
Wepperkes -freed-
7 september 2006

Futsallers SDS 1 bekerje nei oerwinning
RES wie de tsjinstanner yn dizze earste wedstryd fan it seizoen. Fuotbaljend wiene de Boalserters folle minder as SDS. Mar se kamen wol op 0-2. Pas yn de twadde helte koe SDS gelyk en foar komme. Doelpunten wiene der fan Willem, Robert, Peter, Feite, eigen doelpunt en Tsjipke Klaas. Einstân 6-2.

SDS Futsal 2 wint dik fan Workum 2
Tiisdei 5 septimber spile SDS futsal 2 tsjin Workum 2 yn Workum. Dit wie foar de mannen de earste wedstriid foar de beker.
It like der op dat de mannen it swier krije soene. Mei 5 man ( Harm-Auke, Skelte,de gebroeders Tsjeerd en Dirk-Yde ) der hinne en dus gjin wiksels koe problemen opleverje. Samme O. wie ek net mei as begeleider. Hij is oan ‘de dunne’. Gerard wie as ienige coach. Dit jier sille sij beide SDS 2 begeleide. Gelokkig pakte alles goed ut. Mei rust wie it al 6 – 0. Tsjeerd Halbersma tekende foar de 1 – 0. Dernei kaam Dirk-Yde oan bod. Hij makke de 2 oant 6 – 0. Nei rust wie it twa keer skelte. 8 – 0 dus. Dernei wie it Henk mei de 9 – 0. Henk??ja,eigen goal foar Workum. De 10 – 0 wie de climax fan de wedstriid. Harm – Auke Kezman helle ut fan 35 meter ofstan. De bal streepte hij it krus yn!! In wraldgoal!! Hampie dus man of the match.
Gr. SDS futsal 2 

SDS D3 bestiet net mear
It sântal fan D3 bestiet net mear. It wie al wat krap mei it oantal en doe’t er ek noch ien bij wei foel wie der gjin oare oplossing. De spilers binne ferdield oer D1 en D2.

SDS E1 ferliest
E1 hat woansdeitejûn de lêste bekerwedstryd ferlern. It waard 0-5 tsjin Workum E1

SDS D1 ferliest
Easterlittens wie yn dizze bekerwedstryd mei 1-3 te sterk.

SDS B1 ferliest
B1 hat tiisdeitejûn mei 2-3 ferlen fan Sint Anne. Hoe dit sa koe kinne jim lêze yn
dit ferslach fan Klaas P.

SDS F1 ferliest krekt
Ek F1 ferlear krekt tiisdeitejûn. Klik
hjir foar it ferslach fan Watze-Jacob.

SDS League
Jim hawwe noch 9 dagen om jim team foar de SDS League yn te leverjen.
Wy hawwe ynmiddels al 8 teams binnen!
Klik
hjir om ek mei te dwaan!
Jûn lizze der ek formulieren yn de kantine!

Harm Auke nei Kos
Harm Auke Dijkstra is fannacht ôfsetten nei Kos. Hij wist net krekt hoe’t it plak hjitte, mar it begûn mei in M en der sieten ek in A en in C en H yn. Yn welke folchoarder wist hij net.

Horloasje kwyt?
Ha minsken!
Op 30 augustus moesten we een potsje voetballe tsjin foarut! D
it eindige net sa best mar der prate we no even net oer.
Nei hast 7 dagen letter mien nog steeds een bietsje wiete trainingsbroek wer ut de sporttas te hellien fjilde ik wat swiers ien’e boese. Dus ik doch foarsichtig et ritske nei oenderen en hellie der een silveren mei een donkerblauw/zwarte achtergroen horloge ut.
Omdat jelte de b. mien trainingsbroek oan hant hie tocht ik dat er fan jelte wie, mar dit wie net et geval dus…. at ien sien horloge no mist en tink dat et sien eigendom is die mat mar fkes bellie.
0515-332311
Ik hear et wol!!
gr. Johannes Abma