Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
4 september 2006
Wepperkes -woansdei-
5 september 2006

F1 ferliest krekt
Spannend wie it seker justerjûn bij de pot SDS F1 – JV Bolsward F1. Bij it skoft wie it 0-1 mar SDS kaam sterk werom yn de twadde helte. De lykmakker wie terjochte. Der hie doe mear yn sitten want de kânsen wiene oer en wer. It waard 5 minuten foar de ein 1-2 foar Boalserters. Kommende woansdei moatte de jongehearen al wer en wij heare se net klaaien.

In hege korner fan Remco wurdt der krekt net yn kopt.

F1 op de foto
Moandeitejûn spile F1 in bekerwedstryd. In protte belangstelling. Alle spilers, trainers en lieders wiene der. Dus in aardich folle foto. Allinne Bauke Dijkstra ûntbrekt want dy moast wat earder fuort om sels te trainen. Meitsje kennis mei
F1

E1 ferliest krekt wat mear
SDS E1 moast it opnimme tsjin LSC E1. It waard nei 2 kear 25 minuten in 0-6 oerwinning foar de Snitsers. “Net tefreden, sei koach Douwe Reitsma, “want oan trije doelpunten siet in luchie”.
Al mei al wie it better as sneon want doe ferlear SDS E1 wol hiel dik: 16-0.
Kommende woansdei moatte se al wer en ek dizzen heare wij net klaaien.

SDS League
Jim hawwe noch 11 dagen om jim team foar de SDS League yn te leverjen.
Wy hawwe ynmiddels al 4 teams binnen!
Klik hjir om ek mei te dwaan!

SDS 2 tsjin Warkum en Makkum
Jûn om 18.30 en 21.00 oere spilet SDS 2. Earst tsjin Makkum op it fjild dêr en dêrnei tsjin Workum yn de seal dêr.
Wij meie oannimme dat dit net deselde spilers binne.

A1 en B1 yn Easterein
Jûn binne beide junioarenalvetallen aktyd yn Easterein. It begjint om 18.30 oere. Sint Anne en Frjentsjer binne de gasten.

Âldfeinteklup
By de keatsferieing yn Easterein hawwe sy in aldfeinteklup oprjochte. Dit om de jongfeinten wat te stypjen. Je kinne foar €10,- lid wurde en je meie dêrfoar meidwaan oan harren jierlijkse aktiviteit. Dit jier sille sy mei syn allen te fiskjen. Wa ’t benijd nei de âldfeinteklup(der meie ek froulju lid wurde!) en ek wol nocht hat om te fiskjen moat dit efkes lêze(klik hjir). Direkt oanmelde kin hjir.

Letter mear!