Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
28 augustus 2006
Wepperkes -tongersdei-
31 augustus 2006

Sportstjoerder
Yn 1997 wie der sprake fan dat der in sportstjoerder komme soe: Sport 7. It wie doe noch sykjen om sa’n jûn hielendal fol te krijen want it begryp “analist” wie doe noch net útfûn. (it wiene moaie tiden)
Dochs wie der al in programmearing foar ien jûn klear. Omdat it dochs wol in aardich programma like wolle wij efkes in yndruk jaan wat de bedoeling wie:
14.00 oere: Hoe wordt ik zo arrogant als Louis? Informatief programma voor de jeugd
14.30 oere: Kookgek. Kookprrogramma met Ma-Kluivert
15.00 oere: De grote meneer van Gaal show. Indoctrinatie-programma voor de jeugd
15.30 oere: Ontdek je plekje  met M. Overmars en een gast
16.00 oere: Te land, ter zee en in de lucht. Vlieg er eens uit met Flappie van der Sar.
16.30 oere: Ik weet het beter. Met Louis van Gaal
17.00 oere: Blind date met Danny Blind
18.00 oere: Blik op de weg. Autosportprogramma met P. Kluivert
(letter de rest fan it programma)

Ferset
SDS 2 spilet freedtejûn om 18.30 syn bekerwedstryd thús tsjin Balk 2 ynstee fan sneontemiddei.

SDS 6?
De nije teamyndielingen binne makke. No is it noch ôfwachtsjen as de KNVB akkoard giet mei SDS 6. Wy wachtsje it ôf.

Sy hawwe alfêst in logo…

Jierdeis
Je soene it hast ferjitte mar ek yn de fakansjes geane de jierdeis gewoan troch. Sa hat Pieter Kamstra hjoed syn jierdei (hij wurdt 25) en is Robert Hoekstra tongersdei jierdei. Hij is in tige jonge feteraan en is noch mar 32 dan. De komplete jierdei list stiet
hjir.

Noch mear freonen
Der binne noch mear “freonen fan SDS” dan it bewarnûmer fan de Treffer ús witte lit. Ek Minne Bonnema en Dick Stegenga binne freon fan SDS.

Skoutingsrapporten
Op Lowlands naam Harm Abma foarige wike syn skoutingsrapporten troch mei in skout fan Polderboys.
Photograph

Full Monty
Trefferredaksjelid en spiler fan SDS 3 Sjoerd van Beem spilet dit jier in haadrol yn it iepenloftspul fan Jorwerd. Juster waard it stik opfierd en Sjoerd wie tige yn syn rol. It foel allinne al op dat Sjoerd koartlyn noch in lyts akke”fyts”je hân hie.
Wolle jim Sjoerd ek sjen? Der binne noch kaarten (klik hjir).

Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl!