Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
27 augustus 2006
Wepperkes -woansdei-
29 augustus 2006

Fyts cd
Ferline tongersdei krige Bas van der Wey syn priiske omdat hij oanjûn hie dat Dirk Yde de Cauberg as earste beklimme soe. Opfallend wie dat doe’t de CD draaid waard, de fytsers harren fleske leech dronken en ôftaaiden.
Hammie Westra en Sjoerd van Beem krije harren CD ek noch want sij hiene it ek goed.

De Cauberg op Skylge
Sneontemoarn gyngen de feteranen op de fyts fan de boat nei it sportpark op Midslân. En sa’t jim allegear witte moatte je dêr in heuvel beklimme at je troch it bosk geane. Marco en Robert Hoekstra, twa erfaren berchbeklimmers en de jongste feteranen gniisden wat om dit bultsje. Foar oaren wie der gjin tiid om te gnizen. Sûnder nammen te neamen wie it wol dúdlik dat sommigen hast fan de fyts ôf foelen troch de ynspanning dy’t se leverje moasten om Klaas Okkema dy’t ek noch de swierste tas mei hie, te folgen.

Op de top wie der efkes tiid foar rêst en bijkomme 

Karel 

Dat wie de Sibe fan sc Terschelling. In hiel aardich beestje, dat sa frij wie as wat. Socht kontakt mei de spilers. Om ien of oare reden hie der it net op Stoffel stean, wylst Stoffel syn jachtgewear, molleklemmen en fûken net mei hie.

Net oefene
SDS 3 soe juster oefenje tsjin Balk 2. Dizze wedstryd gie net troch om ’t der net op de fjilden fan Balk fuotballe wurde koe. Tongersdei bekert SDS 3 tsjin Foarút.

Ek freonen
Sy stienen der net by yn it bewarnûmer fan de Treffer mar fansels is de hiele seleksje fan SDS 3 ek “freon fan SDS”.

SDS League
Tongersdeitemiddei slút de transfermerke. Wy hoopje dêrom freed mei de earste formulieren te kommen foar de nije SDS League. Hâldt de webside dus yn de gaten! Gean fêst nei dizze side om je team safier klear te meitsjen.

Cauberg 2006
Wa ’t noch mear foto’s fan Valkenburg sjen wol kin terjochte op de Dophokside(klik hjir).

Fan alle merken thús 
Ype giet mei de tiid mei en is moadebewust. Sa kamen wy der op Lowlands efter dat hy by elk polootsje in oar briltsje hat. Dit briltsje is wol ien fan de fraaisten. Dizze hie hy spesjaal op foar Anouk.
Photograph
Kommend keatsseizoen sil Ype sa wol gauris te sjen wêze as skout by de famkes-pupilen.

Letter mear!