Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -moandei-
20 augustus 2006
Ferslach en foto’s Cauberg 2006
23 augustus 2006

Zeerobben 1 – SDS 1
Justerjûn hat SDS 1 yn Harns spile foar de beker tsjin Zeerobben. De rêststân wie 0-0 mei yn de earste helte in better spyljend SDS. Sy joegen gjin kâns wei en koenen der sa no en dan gefaarlik útkomme. 5 minuten nei de té wie it Zeerobben dy ’t der 1-0 fan makke mei in goal dy ’t nei bûtenspul rûkte. Beide ploegen kamen hjirnei net bot mear oan fuotbaljen ta en de 1-0 bleaun op it skoreboerd stean.
Opmerklik wie yn de 2e helte it debút fan ferdidegings-sintrum Haitsma en Haitsma by SDS.

Yn ‘e hobbel
Lykas ien fan de webmasters is de webside ek al wer inkelde dagen yn ‘e hobbel. Hjoed koe b.f. net ien mear nei 13.00 op ús webside komme. Wy hoopje dat Tricat no de problemen de baas is.

Marten Syzling-toernoai
Op woansdei 30 augustus begjint om 14.00 it Marten-Syzling foar alle E- en F-pupillen yn Easterein. Fansels is eltsenien wolkom om de bêrn oan te moedigjen.

Yn it Limburgse lân
Om al fêst wat yn de stimming te kommen, no al wat foto’s fan it fytsbarren. Letter hjoed it ferslach, de offisjele útslach en wat wedstryd foto’s.


….op de kamping waarden se se al oanmoedige, doe moast it noch begjinne……


Harm Auke Dijkstra mei syn kopman Robert Sijbesma dy’t net heech einige……at dat oan it feintewurk lei heare wij letter dizze wike


…..sa te sjen nimt Dirk Yde de route noch efkes gau troch……wylst Abe Jan optimistysk at er is, syn Easter 1 sjurtsje oandien hie…….


… Marco hie syn Feyenoord sjurtsje oan, dêr ferwachtet dochs nimmen wat fan…..


….je moatte efkes geduld hawwe, foardat elkenien op de fyts sit, mar je hawwe dan wol in moai plaatsje…


……de helmen pasten Tineke “van Moorsel” en Hanny “Longo” ek goed……


……Marten en Robert wisten fan te foaren al op hokker plak se einigje soene…….