Ferslach en foto’s Cauberg 2006

Wepperkes -woansdei-
22 augustus 2006
Wepperkes -tongersdei-
24 augustus 2006

Hjir de útslach, ferslach en foto’s fan de slach om de Cauberg 2006 mei tank oan Dirk Yde Sjaarda.



Plaats Naam   Finishtijd
1 Dirk-Yde Basso 1.12 uur
2 Tsjipke-Klaas Di Luca Op 0.15
3 Peter Rooks 1.30
4 Gerben Schleck 1.45
5 Samme Dierckxsens 3.00
6 Anne Museeuw 5.00
7 Marten Abduchaparov 7.30
8 Harm-Auke Pantani 9.00
9 Jan-Simon Leipheimer 10.00
10 Hendrik Menchov 10.30
11 Robert (S.) Chiapucci 11.00
12 Hessel Posthuma 13.00
13 Dirk Rasmussen 14.00
14 Abe-Jan Vandenbroucke   15.00
15 Pieter Boogerd 15.30
16 Robert (H.) Landis 18.30
17 Marco Hushovd 41.00
18 Jeroen Cipollini 41.15
19 Hanny Longo 42.00
20 Tineke van Moorsel 42.00
21 René Weening 44.00

Ferslach: 
Iets letter dan plant klonk ofrune sneon om 15.30 oere it startskot foar de twadde edysje fan Cauberg-Cauberg. Mei in parcours dat it peloton oer trije ‘bergen’ leidde en sa’n 30 km lang is, mocht it mei rjocht in keninginnerit neamt wurde. Earst moast de Gulpenerberg bedwongen wurde, dernei kaam de Keutenberg en de finish lei fansels wer boppe-op de Cauberg.
 
Mei in lyts oanloopke begong it al snel bergop te rinnen. Echte ferskillen waarden der net makke, de groep mei favorieten bleaunen angstfallig by elkoar yn it tsjil. Eltsenien waard goed yn’e gaten halden om mooglike oanfallen te parreren. Nei sa’n 10 km kaam dan de earste echte test, de Gulpenerberg. In groepke mei Tsjipke-Klaas, Samme, Dirk-Yde, Peter en Gerben kamen dêr as earsten boppe. Anne en Marten koenen it ferskil yn’e ofdaling echter goedmeitsje, sadat sy wer oansluting krigen op’e kopgroep. Yn dizze formaasje waard der nei de Keutenberg tafytst.
 
No kaam de dreegste beklimming, de Keutenberg. Mei in maximale stijgingpercentage fan 22% (!) wie dit it monster fan’e rit. Hjir waarden de ferskillen makke. Anne en Marten moasten der al snel of. Tsjipke-Klaas en Gerben makken in hiele sterke yndruk troch as earsten boppe te kommen. In lytse 15 seconden dernei kamen Samme en Dirk-Yde op’e top, folge troch Peter. Mei Tsjipke-Klaas en Gerben oan kop fan’e wedstriid probeare Dirk-Yde nei harren ta te fytsen. De beklimming fan’e Keutenberg hie by Samme syn tol eist, hy koe net mei folgje. Dirk-Yde koe deryntsjin it gat frij snel ticht ride en gong dernei mei Tsjipke derfantroch. Gerben moast ek passe. Mei harren beide fytsten se Valkenburg yn rjochting de finish op’e Cauberg. Op 200 meter fan’e meet pleatste Dirk-Yde de beslissende demarrage. Tsjipke-Klaas hie gjin antwurd op dizze fersnelling en moast him tefreden stelle mei it twadde plakje. It podium waard completeert troch Peter, hy finishte op sa’n 1.30 minuut.
Groetnis DYS

Hjir de foto’s:

Eltsenien makket him klear foar de rit. Oan de helmen sil it net lizze….


Mei gang as in plysje nei boppe.


Dirk-Yde pakt al gau de kopposysje.



Ronde-miss Vera de Vries sjocht Dirk-Yde as earste oer de streep kommen.


Ek Tsjipke kriget in skouderklopke as runner-up.


Peter Sybesma eindigt knap(as âldste dielnimmer(of is dat Abe-Jan?) as 3e.


No is it wachtsjen op “de route-mis” René Velzen dy ’t as lêste oankomt trochdat hy in rotonde ferkeard naam. Mooglik wie dizze route him oanrikt troch Wikje dy ’t al foarseach dat René lêste wurde soe.