Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
20 augustus 2006
Wepperkes -woansdei-
22 augustus 2006

SDS 5 nei Skylge
It kommend wykein reizget SDS 5 ôf nei it sterk beset 35 + toernooi op Skylge.
Dielnimmers binne: SC Terschelling, Heerenveen, it Fean 58, Mulier, Minnertsgea en SDS.
Foar SDS sille de folgende spilers de eare ferdigenje:
Ids, Roel, Ype, Tjeerd, Aant, Geart H., Klaas V., Stoffel, Hendrik O., Eddie, Robert H., Klaas K., Marco, Klaas O en Jacob.

Krânsen oan de tinte
De famylje Dijkstra en Tiemersma binne op fakansje. Yn Callantsoog. Dat falt wierskynlik net op yn Easterein en Wommels want mei 4 keatsende bern fleane se hiel wat hin en wer tusken it heitelân en de kamping yn Callantseach.

Sneontejûn sille de oare kampinggasten ferbaasd omsjoen hawwe. Want twa krânsen waarden der oan de tinte hongen want Bauke en Jelte Pieter wûnen de priis mei Pytrik Hiemstra op de federaasjepartij yn Easterein.

SDS 1 nei Zeerobben
Tiisdetejûn spilet SDS 1 tsjin Zeerobben. Dit is de twadde bekerwedstryd. Wedstryd wurdt spile yn Harns. It begjint 18.45 oere.

SDS 2 om 19.00
Tiisdeitejûn traint SDS 2 net om 20.15 mar om 19.00.