Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
14 augustus 2006
Wepperkes -tongersdei-
16 augustus 2006

Wûn of ferlern
Mocht SDS 1 jûn wûn hawwe fan Littens dan soene wij graach de stân efkes troch krije wolle. Hawwe se ferlern dan ek. maile kin nei dit adres

SDS 2 wint
SDS 2 hat juster syn oefenwedstryd tsjin Minnertsgea 2 mei 1-0 wûn troch in penalty fan Stefan van Krimpen(sjoch fierderop hoe dit yn syn wurk gie).

17 augustus
Dat is de dei dat it trainen foar SDS 4 en 5 wer begjint. Dus hearen talinten en ôfbouwers kom om 8 oere nei it trainingsfjild, want dan kin it wurde. Earst in opwaarmerke en dan efkes in partijtsje?

Wa wurdt de Schicht fan Yzendijke?
De Amazing Stroopwafels hawwe in geweldich moai liet makke oer it fytsen. Perfoarst de muoite wurdich om
dy tekst efkes te lêzen. Foaral mei it each op de Cauberg. Jim kinne noch altiten in foarspelling dwaan op info@vv-sds.nl!

In goeie strafskop nimme is in grutte kuenst(1)
Soms giet er wat mis bij it strafskopnimmen. Dan jout de skeids oan dat je him oernimme meie. Mar it kaam hjir wol hiel krekt. En ús fraach is oan de kenners: wat giet
hjir allegear mis? Sjoch ek efkes nei it kommintaar wat sommigen jouwe.

In goeie strafskop nimme is in grutte kuenst(2)
Juster liet Stefan van Krimpen by SDS 2 efkes sjen hoe ’t je in penalty nimme moatte. Mei binnenkantsje rjochts sjitte hy him rjochting rjochter hoeke. Dêr rekke de bal de peal en dêrnei de lofter peal en nei noch in kear de rjochter peal rekke te hawwen foel de bal yn ‘e goal. In echte 3-bander dus.

Poedelpriis
Wij hawwe it idee dat opfallend faak wurdt de namme fan Marco Hoekstra neamd as lêste oankommer kommende sneon.
Wij hawwe noch efkes yn it fotoarchyf sjoen fan
it dophok en kamen in foto tsjin wêrop te sjen is dat Marco wol hiel rêstich en ûntspannen op de fyts sit.

…..it wie dan ek in stikje falsk plat nei ûnderen ta……

SDS 1 trainde
Ferline wike wie de opkomst aardich grut op de earste trainingen. Dizze wike liket it gâns minder. Wurk, blessure, fakansjes wiene de redenen fan ôfwêzigens. Mei 12 man koe der dochs tiisdei noch in moaie training en partij dien wurde.

Gerard Galstien
Ús Treffer-redaksjelid Gerard van Asselt blykt ôfrûne freed in oanfal hân te hawwen fan galstienkolieken. Hy lit witte dat dit net noflik fielt. Hy freget him ôf hoe ’t hy oan dizze galstienen kommen is. Mocht der dus ien wêze dy sjoen hat dat Gerard by in Cafetaria galstienen mayo besteld hat en sjoen hat dat Gerard dit opiten hat him wol efkes melde by Gerard?
Gerard betterskip!!

Sels mei mayo binne dy stienen oars net te iten……..

Lowlands
In part SDS’ers giet sneon de Cauberg op, in part giet fuotbaljen tsjin ONS(Dames?) en in part giet foar syn plezier nei de polder om dêr te genietsjen fan it moaie(??) waar. Dêr op Lowlands is it elk jier in reüny fan SDS’ers en Nijlanders. No hawwe de Nijlanders dit jier allinne ien lyts probleemke. Hjoed makke de Lowlandsorginisaasje bekend dat de kaarten útferkocht binne. No docht bliken dat der 7 Nijlanders binne dy ’t moarn(?) wol efkes in kaartsje helje soenen. Mocht der dus noch ien wêze dy ’t in kaartsje oer hat dan graach efkes maile nei info@vv-sds.nl
P.s. As der ien noch in stik kuilplastic oer hat dan soene wy dat graach brûke wolle. Mail nei info@vv-sds.nl!