Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
14 augustus 2006
Wepperkes -freed-
17 augustus 2006

SDS 1 wint earste oefenpot
SDS hat juster mei 3-1 wun fan Easterlittens. SDS kaam goed ut de startblokken, want Skelte liet yn’e twadde minuut al de 0-1 oantekenje. SDS kryg dernei noch inkele goeie kansen, mar kaam helaas net oan’t skoren ta. Dan giet der faaks in fuotbalwet yn wurking dy’t soarget dat de goal oan’e oare kant falt. Sa kaam it dat Easterlittens noch foar de rest op 1-1 kaam.
De twadde helte begong lykas de earste mei in snelle treffer. Dit kear wie it Henk dy’t mei in leech bekeken skot Egbert B. kansloos liet. Dernei wie it Hendrik dy’t de einstan bepaalde op 3-1.
Al mei al in soad kansen foar SDS yn dizze earste oefenwedstryd. Neffens Douwe Durk Reitsma hie it ek wol 8-1 wurde kinnen.
(Mei tank oan DYS en DDR)

Út’e de loft?
Sûn’t juster kinne je sa no en dan net op ús webside komme. Wy witte net wêr ’t dit oan leit. Wy hoopje dat Tricat dit probleem gau út de wrâld helpe kin.

Fan ‘e fyts
Donny Okkema hat him ôfmelden foar it wykein fytsen mei in blessure. Ien favoryt minder dus. Degenen dy ’t him yn harren pool op it poadium hiene, meie in nije foarspelling dwaan nei aanthofstra@hotmail.com.

Feite op de PC
Anco Elgersma stjoerde ús noch in hiel aardich filmke fan de PC. Feite de Haan jout
in sitbal.

Aldefandagen
Kommende sneon geane de 55-plussers fan Wommels wer in dei te farren lykwas se dat alle jierren dien hawwe.  Appie Posthmumus jout ús troch dat ek hij meigiet. Sels hat er it oer “begelieding” mar wij tinke dat hij dit jier foar it earst ien fan de dielnimmers is. In noflike dei Appie en wij ferwachtsje dij om 5 oere wol bij SDS-ONS, oars nimst wat âlderen mei, dan kinne jim yn it skoft miskien efkes jeu de balje.

Freulewinners
De Freuelwinners geane sneontejûn ek de loft yn. Om 19.30 oere ganôf de Terp. Neffens it berjocht op
www.freuledei.nl doare de koaches fan Dronryp net mei te gean.

Cauberg-Cauberg 2006
Wa komme op it poadium en wa wurdt der lêst?

  Wa?   It poadium: Lêste:
1 Willem W: 1 Samme Overal Boogerd
    2 Dirk-Yde Sjaarda  
    3 Gerben Bootsma  
2 Bote S: 1 Samme Overal  Jeroen Brouwer
    2 Dirk-Yde Sjaarda   
    3 Donny Okkema   
3 Wikje K. 1 Anne Stenekes René Velzen
    2 Peter Sijbesma  
    3 Gerben Bootsma  
4 Wiepkje H. 1 Gerben Bootsma  
    2 Peter Sijbesma  
    3 Samme Overal  
5 Lislekkeropdevitch 1 Wilbert de Boer Landis
    2 Donny Okkema  
    3 Dirk Yde Sjaarda  
6 Gerard v.A. 1 Samme Overal  
    2 Dirk-Yde Sjaarda  
    3 Anne Stenekes  
7 Bas van der W. 1 Dirk-Yde Sjaarda René
  2 Gerben Bootsma  
    3 Samme Overal  
8 Hammie W. 1 Dirk-Yde Sjaarda Jeroen Brouwer
  2 Gerben Bootsma  
    3 Samme Overal  
9 Annemarie W. 1 Stefan van Krimpen René
    2 Dirk-Yde Sjaarda  
    3 Donny Okkema  
10 Erwin de Boer 1 Samme Overal  
    2 Dirk-Yde Sjaarda  
    3 Tsjipke Okkema  
11 Dirk-Yde S. 1 Samme Overal Hendrik K.
    2 Gerben Bootsma  
    3 Wilbert de Boer  
12 Liesbeth B. 1 Gerben Bootsma Marco en Abe-Jan
    2 Samme Overal  
    3 Dirk-Yde Sjaarda  
13 Sjoerd van B 1 Dirk-Yde Sjaarda  
    2 Stefan van Krimpen  
    3 Samme Overal  
14 Syb Overal 1 Samme Overal René
    2 Donny Okkema  
    3 Gerben Bootsma  
15 Dirk de Jong 1 Peter Sijbesma Hessel
  2 Gerben Bootsma  
    3 Dirk Yde Sjaarda  

Meil jo foarsizzing nei aanthofstra@hotmail.com!
Meitsje dêrmei kâns op in prachtige cd mei allegear ferskes oer fytsen en bergen lykas dizze(klik hjir).

Hawwe jim noch nijs, mail dat dan de kommende dagen efkes nei aanthofstra@hotmail.com