Wepperkes -woansdei-

WK nei 36 wedstriden
20 juni 2006
WK nei 38 wedstriden
21 juni 2006

Fuotbalje
It wie juster drok op it fuotbalfjild yn Wommels. 14 manlju wienen dêr te fuotbaljen. Swart(Henk, Gerlof, Ate Feike, Ralph, Hendrik de J., Jan en Hendrik E.) wûn de partij krekt fan wyt(Mark, Jehannes, Gerlof-Jan, Rudy, Aant, Eeltsje en Willem).

Nei Robbie Williams!
Sneon sil in ploech fan 18 man nei Robbie Williams(Dirk Yde Sjaarda syn grutte favoryt) ta. Sy geane mei de bus. Om ’t hjir 50 man yn kinne binne der noch 32(!) plakken leech. Wa ’t ek noch mei wol kin kontakt opnimme mei Dirk-Yde(klik
hjir of skilje 06-54385633). De bus giet sneontemoarn om 9.00 fuort út Easterein en sil dêr jûns tsjin 12 oere wer wêze. Der binne by de grutte postkantoren(Snits, Ljouwert û.o.) noch in beperkt oantal kaarten te krijen foar dit konsert.

Wêr moatte wy jûn it fuotbaljen sjen?
Wy binne der noch net út wêr ’t wy jûn it fuotbaljen sjen sille. Wy kinne it thús rêstich op de bank sjen of by de buorlju, wy kinne ek nei de Jimbar, It Reade Hynder of nei Kafé Bergsma. Wat is it libben dochs dreech……..

Eastereiner Feesten
Moarn(of is it jûn al?) begjinne de Eastereiner Feesten wer. Dit start fansels altiten mei de optocht. Moarntemoarn 8.15 steane de weinen wer klear. Wy binne benijd. Klik hjir foar it hiele feestprogramma.

Rekord
Leo Beenhakker hat juster in rekord helle as bondscoach op in WK. Wa wit wat it is? Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Wer fuotbalje
Tongersdeitejûn wurdt der om 19.00 wer fuotballe op it fuotbalfjild yn Wommels. Wa ’t nocht hat komt mar efkes.

Knap?!
De Dútsers dogge it oan ’t no ta net gek op it WK en wurde hieltiten faker neamd as topfavoryt foar de titel. De bussjauffeur fan de spilersbus fan de Dútsers fynt it allegear noch mar neat……..