Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
15 mei 2006
Wepperkes -tongersdei-
18 mei 2006

Feessie
SDS 2 sil der sneon noch efkes mei syn allen op út. Sy sille earst nei Jorwerd te tippen en dêrnei by Klaas Okkema noch efkes barbecue. Sa sil der op passende wize ôfskied nommen wurde fan Klaas Okkema as trainer fan SDS 2.

Opwaarmer
Jûn wurdt der om 18.00 fuotballe yn Easterein tusken SDS F1 en Nicator F1. In moaie opwaarmer dus foar de Champions-League-finale tusken Barcelona en Arsenal.

Jierferslach
Foar SDS C1 sit it seizoen derop. In seizoen mei in soad frustraasjes mar lokkich genôch ek in soad ljochtpuntsjes. Klaas Pompstra hat ús it hiele seizoen goed op de hichte hâlden fan de ferjochtings fan syn team. Wêrfoar tige tank. Klik hjir foar syn einkonkluusje.

E2 kampioensfoto’s en ferslach
Sneon waard E2 kampioen yn Snits. Joost Verheus syn heit hie noch wat foto’s makke tidens en nei de wedstryd (wêrfoar tank). Op de 4de foto is dúdlik te sjen dat Joost Verheus in strafskop better nimt as bygelyks in Harm Auke Dijkstra.
Klik hjir foar it ferslach fan Johan de Graaf.



WK-hit
Wat wurdt tidens dit WK de grutte Oarnje-hit? Klik hjir om te sjen wat foar ferskes der allegear te hearen binne.