Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
16 mei 2006
Foto’s slotjûn jeugd
18 mei 2006

Derop út!
It reint útsjes op it heden. No sille de futsallers fan SDS 1 freedtejûn derop út. Sy woenen ris wat oars as oars, dus net te boeregolfen as te tippen, dus sy geane mar te bowlen. Dêrnei sille sy wol yn in kroech bedarje.

Ek derop út!
Ek SDS 3 giet derop út. Sneontejûn hawwe sy in barbecue by de famylje De Boer yn de Súdhoeke.

Sy nimme dêr ôfskie fan leider Wouter Hylkema en inkelde spilers wurde tank sein foar harren fertsjinsten it ôfrûne seizoen. SDS 3 wol yn de Súdhoeke de earste stap sette nei it nije seizoen wat neffens sizzen ècht it JOIN THE WINNING TEAM jier wurde moat.

Apekoai
SDS 1 hat jûn syn lêste training fan ’t seizoen. Wy hawwe wol in idee wat sy dwaan sille. It sil wol wer op ….apekoai útdraaie!!


Jierferslagen
Jûn komt de Trefferredaksje by ien om de folgende Treffer gear te stallen. Sy binne dêrmei ôfhinlijk fan jim. Fan elts team wolle sy graach in jierferslach(je). Wy hoopje sa gau mooglik alles binnen te hawwen. Wy hâlde der rekken mei dat inkelde teams sneon ek noch fuotbalje moatte.

WK-League
Wy binne drok dwaande mei de SDS-WK-League en tinke dat jim begjin folgende wike hjir mear oer lêze kinne.

Foto’s
Wy hienen jim beloofd om de foto’s fan de slotjûn fan de jeugd sjen te litten. Wy hawwe sy ynmiddels binnen. Moarn kinne jim se hjir allegear besjen.
IMG_0997.jpg
It wie aardich drok op de slotjûn.

Yn ’t oranje
As jim ôfrûne sneon noch gjin Oranje-sjurt(€12,50) kocht hawwe yn de kantine dan kin dat altiten noch yn kafé Bergsma. Mochten je net genôch hawwe oan allinne in sjurtsje dan kinne je der ek noch in pet(€2,50) by keapje. Is dit noch net genôch, sjoch dan hjir efkes as der noch wat foar je by sit.