Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
14 mei 2006
Wepperkes -woansdei-
16 mei 2006

Slagge seizoen as …..
Wat fûn trainer Marcel Frankena fan it ôfrûne seizoen? Sjocht der ljochtpuntsjes of wie it in seizoen om snel te ferjitten? Op Topamateurvoetbal.nl jout hy útlis. Klik
hjir om it te lêzen.

SDS E3 wint!
Juster hat SDS E3 spile tsjin Easterlittens E2. It waard 6-5 foar SDS. Nies Douwe en Jacco makken elk 3 goals.

Lêste wedstryd
Justerjûn hie SDS C1 de lêste wedstryd fan it seizoen. Sy wûnen mei 2-1 fan Nijland C1. De earste helte wie noch wol aardich, mar de 2e helte minder. Ek om it ferbale geweld fan Nijland rjochting skiedsrjochter. SDS C1 is
 mei 41 punten, 112 goals foar en 43 tsjin eindige op in 5e plak (as 4e…hinget fan oare utslaggen ôf).
Klaas P.


Nij logo
Miskien is it foar SDS wat om folgend seizoen mei in nij logo te fuotbaljen. Miskien wurdt der dan ek wer ris wat mear wûn. Wy tochten sels oan in logo wêr ’t út bliken docht dat SDS him yn eltse tsjinstanner fêstbyt.

Dit like ús wol wat……..
(mei tank oan Pieter Kamstra)

Foto’s slotjûn jeugd
Freedtejûn binne der hiel wat foto’s makke op de slotjûn foar D-, E- en F-pupillen. As alles meisit dan kinne jim se hjir moarn besjen.

Burd
Yn de 1e Klasse E waard sneon spile om “des keizers baard”. Wat dit no hielendal ynhâldt kinne jim
hjir lêze.

Swarte list
De list wurdt noch altiten lytser mar it liket derop dat inkelden de start fan it nije seizoen misse moatte om ’t sy noch gjin pasfoto ynlevere hawwe. It giet om de folgenden:

Y.   BURGGRAAFF LOLLUM
J.   DOTINGA WOMMELS
TJ   HOEKSTRA EASTEREIN
D   KOOL KUBAARD
S.   NAUTA ITENS
T.   VERMEULEN KUBAARD
C   GAASTRA EDENS
W.H.  VD SCHAAR WOMMELS
 
 

Wa wint it WK?
Wy tinke dat Sweden net al te hege eagen goaien giet op it WK(klik
hjir).