Burgum, we komme deroan!!

Wepperkes -woansdei-
21 maart 2006
Wepperkes -tongersdei-
22 maart 2006

Nijs fan de aktiviteitenkommisje.

Burgum, we komme deroan!


Op 15 oktober 2005 wienen der yn Easterein en omkriten in pear aktive lju dy ’t om de wedstryd tusken SDS en BCV út Burgum in spesjaal programma organisearre hienen.

Dit soarge foar de nedige sfear op en rûn it fjild. Plezierige bykomstichheid wie dat SDS de striid wûn mei 2 -1. Op 1 april en dit is gjin grap moat SDS nei Burgum ta foar de werom wedstriid. Der berikke ús berjochten dat men fan plan is om der ek in spesjaal tintsje oan de wedstriid te jaan. Boppedat BCV is ien fan de kandidaten dy ’t mei SDS striidt tsjin degradaasje. De wedstriid begjint om 18.30 oere.

It is de bedoeling dat der om 16.30 oere in bus út Easterein rjochting Burgum giet. Om de spilers te stypjen dizze dei wolle wy dan ek graach dat der safolle mooglik minsken dy kant op geane. Troch de ynbring fan in sponser kinne we de kosten beheine oant € 5 de man/frou. Wa ’t mei wol kin him/har oanmelde by Gatske Hiemstra (til: 0515-332012) of oankommende sneon op it fjild yn Easterein. Graach safolle mooglik direkt betelje.

Dus manmachtich rjochting Burgum op 1 april!!

De aktiviteitenkommisje.