Wepperkes -woansdei-

SDS League: FC Snoek(UD) pakt wykpriis!
14 maart 2006
Wepperkes -tongersdei-
15 maart 2006

Futsal: SDS 2 pakt 3 punten
SDS 2 hat justerjun yn in minne wedstriid yn en tsjin Workum mei 5-1 wun. SDS hie noch wol in goeie start. Nei 5 minuten wie it al 0-3 troch 3 goals fan Dirk-Yde. In hege utslach lei yn ‘e lijn der ferrwachting. Mar yn pleats derfan gong it nivo fan SDS hurd omleech. Dit resulteerde yn de 1-3, mar Skelte koe wer orde op saken stelle troch noch foar de rêst de 1-4 te meitsjen.
De twadde helte begong sa at de earste eindige. SDS like it wol te liuwen en fuotbalde net best. Dochs wie it Skelte dy’t de utslach noch nei 1-5 tilde. Dat betekende ek einde wedstriid. 
Al mei al in wedstriid om snel te ferjitten en hoopje dat ZVH noch in stekje falle lit.
Groetnis DYS

Futsal: Lêste wedstryd?
SDS 1 spilet jûn mooglik syn lêste kompetsyjewedstryd fan it seizoen. Sy moatte út tsjin FCL yn Ljouwert. Offisjeel moat SDS 1 ek noch in ynhelwedstryd fuotbalje tsjin ZVF. In datum foar dizze wedstryd is allinne noch net fêststeld troch de KNVB.

Futsal: Wa sil der keepe?
Jan Simon Jelsma is fanmoarn(mei syn maten) fertrokken nei Liverpool. Hy kin dus jûn net keepe by SDS 1. Ek Tsjipke(wurkje) en Harm(blesseard) binne der net. Wy binne benijd wa ’t der jûn yn it “fjild” steane en wa ûnder de latte.

Futsal: SDS 3 jûn yn Easterein
SDS 3 spilet jûn thús om 20.30 tsjin Langwar 1. Kom mar efkes sjen, want der is ommers dochs gjin fuotbaljen op tillevysje.

Sneon ynstee fan woansdei
SDS A1 is sneon frij fan kompetysjefuotbaljen. Sy traine dêrom ynstee fan woansdeitejûn op sneontemiddei om 13.00 oere.

Net folle
By SDS 2 wienen der juster om útienrinnende redens(kâld, hurd fjild, Inter-Ajax, skoalle, tas ynpakke foar Liverpool, siik, sealfuotballe, lêst fan ‘e rêch, gjin sin, hûs himmelje, ensh.)mar 5 man op trainen. Hooplik binne dit de folgende kear wer wat mear….

Ferslach SDS 3?
Wy hawwe noch altiten gjin ferslach krigen fan de wedstryd fan ôfrûne sneon fan SDS 3. Jentsje Jorritsma soe it dit kear skriuwe. Wy binne benijd as it dizze wike noch komt.

Treijtel
De âldere fuotballers kinne harren fêst Eddy Treijtel noch heuge. Dizze presteare it om as keeper fan Feyenoord in seemok út de loft de sjitten. Sibe hat it der noch wolris oer. Ek yn it honkbal kin men sa ’n gefal. Sjoch
hjir mar ris.

Amateurvoetbalspel
Aant Hofstra docht it mar knap yn it Amataeurvoetbalspel van de Wijd en Zijd. Hy stiet op dit momint (dielt)4e. Klik
hjir foar de hiele stân.

Swarte list
It is al wer twa Treffers lyn dat elkenien in briefke krige mei in oprop dat briefke en in pasfoto yn te leverjen bij Eddy of Aant. Noch altiten hat net elkenien dat dien. Dat soe betsjutte kinne dat je ynkoarten op “de swarte list” komme. En dat moatte je dochs net graach wolle. Dat dy list ek noch op ynternet komt te stean, moat no in reden wêze om mei sa’n hasten oan je ferplichtingen te foldwaan.

Messi
Ien fan de beste fuotballers op dit momint is Messi fan Barcelona. Klik
hjir om te sjen wêrom.

Anouk
Moandei setten wij hjir noch in wepperke del om oan te jaan hoe gefoelich dy hurde fuotbalsupporters ek wêze kinne en hoe betreklik fuotbal is: De knuffelaksje fan elkenien dy’t meilibbet mei Alfred Schreuder en syn frou, omdat harren dochter Anouk slim siik is.
Juster is de 6 jierrige Anouk ferstoarn. Hjir binne wij allegear stil fan.



Letter mear!