SDS League: FC Snoek(UD) pakt wykpriis!

Wepperkes -moandei-
12 maart 2006
Wepperkes -woansdei-
14 maart 2006

It is dizze wike FC Snoek fan UD út Winsum dy ’t de wykpriis pakt. Hy helle 35 punten en bleaun hjirmei Rockin’ in a Free World(33 punten) fan LH krekt foar.

FC Snoek pakt dizze wike knap de wykpriis.

First Choice(MP) docht goeie saken op it heden. Dizze wike rinne sy 9 punten út op de Fûgelflappers fan SdS. De koach fan First Choice hat ek alle tiid om him mei syn ploech ta te rieden op de wedstriden. Hy is sels skorst en kin dus eltse wike, ûnder ’t wurk yn de Jimbar, de puntsjes op de i sette.

Klussen is mijn leven(AFdB) hat de smaak aardich te pakken. Dizze wike giet hy fan 8 nei 3.

Zero Tolerance(BvdW) docht it net super yn de SDS League. Hy stie 54e en sakket dizze wike 2 plakjes nei 56. Wat wol je ek as de koach fan dit team it net sa nau nimt mei it Zero Tolerance-belied yn Nederlân(klik
hjir).

Grutte ferliezer is dizze wike “Soe it helpe” fan HE út Spannum. Hy pakte mar “leafst” 3 punten. Lokkich hat dizze koach mear ferstân fan musyk(klik
hjir).

Pik Andijvie(F en SS) stiet noch altiten “stiif” ûnderoan.

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 6.