Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
14 maart 2006
De SDS-jeugd yn aksje!
17 maart 2006

Futsal: SDS 1 wint foar 3e kear op rij
SDS 1 wûn juster mei 6-4 yn Ljouwert fan FCL. By SDS namen Jappie(ûnder de latte) en Dirk-Yde de plakken yn fan Tsjipke(wurkje), Robert(wurkje), Harm(blesseard) en Jan Simon(nei Liverpool). SDS hie mar ien wiksel wêr ’t FCL der fjouwer hie. FCL mocht it spul meitsje en SDS koe ’t mei kounters probearje. Dit slagge aardich:
1-0 Ahmed(FCL)(al nei 40 sekonden!)
2-0 Kissi(FCL)
2-1 Dirk-Yde
3-1 Ali (FCL)
3-2 Willem
3-3 Dirk Yde
3-4 Dirk Yde
4-4 Johan(FCL)
4-5 Willem
4-6 Dirk Yde
Offisjeel moat SDS 1 noch ien wedstryd ynhelje thús tsjin ZVF. Dizze wedstryd is noch net fêststeld troch de KNVB, dus dat kin ek wolris oergean. Mocht SDS dizze wedstryd winne dan eindigje sy heechstwierkynlik as 7e. It is ôfwachtsjen as dit promoasje oplevert.

Futsal: SDS 3?
SDS 3 hat justerjûn(spitichgenôch) ferlern mei 5-11 fan Langwar.
(P.s. Bedankt Immie!)

Knap
Dirk-Yde Sjaarda hat it op it heden aardich op ‘e heupen yn de seal. Dizze wike makke hy by SDS 2 3 goals en juster by SDS 1 nochris 4. Syn totaal fan dit jier komt dêrmei al op 53!!(44 by SDS 2 en 9 by SDS 1)

Futsal: Bekerje
SDS 2 sit noch altiten yn de beker. Sy moatte folgende wike freed om 19.30 yn Winschoten tsjin WMC 3. Foarich jier spile SDS 1 noch tsjin WMC 1 foar de beker. Sy gienen doe mei 10-1 ûnderút!

Dat kin net!
Sjoerd Rispens giet fan’t simmer (15, 16, 17 juny) mei syn klasgenoaten nei Kreta. Se krije fan skoalle de kâns om harren stúdzje der nei in noch heger plan te tillen.

Ideaal soene je tinke. Mar doe’t Fons te hearren krige dat dan ek de Wommelser feesten op it programma steane, waard it goede gefoel hurd oars. Syn humor gelokkich net;

Dat ik net op de Wommelser feesten bin, is krekt lyk as dat Sinteklaas op 5 desimber der net is!”

 

Efter in esel?
Tsjeard Halbersma efter in esel? Tiemen Vermeulen efter it weefgetou? Johannes Tichelman oan it byldhouwen? It soe samar kinne. Want kommende sneon is de Nachtwacht  yn Kûbaard, wêryn in protte Kûbaarders sjen litte wat fan talinten se hawwe neist it fuotbaltalint. Fanôf jûns 20.00 oere oant nachts 2 oere ta, kin je dêr sjen. 

Kninen op fjild BCV
Yn Burgum skine se aardich lêst te hawwen fan kninegatten op it fuotbalfjild. At it net better wurdt, sa seit in bestjoerslid fan BCV, dan kin der net fuotballe wurde.  Op 1 april moat SDS nei Burgum. Wij fregen ús ôf at it dan ek net better is om de seleksje wat oan te passen. Help Marcel om de goeie minsken mei te nimmen nei it kninefjild fan Burgum. En jou foaral oan werom bijgelyks immen mei moat. Marcel rekkent op jim.
Mail nei info@vv-sds.nl!

Super!
De heren Hoekstra, Jelsma, Okkema en Hoekstra hawwe it juster mar troffen op Anfield Road. Liverpool wûn mei 5-1(!!) fan Fulham. De “verloren zoon” Fowler makke de 1-0. Dit wie syn earste goal foar Liverpool sûnt syn rentree. Collins John(ex-Twente) makke noch 1-1, mar hjirnei wie Liverpool folle sterker en rûn út nei 5-1. Wy binne benijd nei de sterke ferhalen. As it treft binne de heren jûn alwer yn de kantine.

Tikkie werom
Looooooooooooooooooossss!!!(yn ’t Turks)(sjoch hjir)

In diskusje om neat
At je sa lang yn in rie sitte dan krije je in lintsje. Soms bart dat net. Want dan binne je miskien net hielendal fan ûnbesprutsen gedrach. Sa stie der juster yn de LC in artikel oer twa riedsleden yn Smellingerlân. Op ynternet stie dat ek en dan kinne minsken reageare. En dan giet it echt nergens mear oer. Oh ja, oer dees en tees.

Alle gekheid op in stickie!
Yn febrewaris ferlear ien fan it Openbaar Ministerie in USB-stick wêr ’t gefoelige ynformaasje op stiet. Wy freegje alle SDS ‘ers at sy miskien de USB-stick ek fûn hawwe. Klik
hjir om te hearen wat minister Kamp presys te melden hat oer wat der op de stick stiet.

Letter mear!