Evenementen in november 2022

Wepperkes -woansdei-
21 februari 2006
Wepperkes -freed-
24 februari 2006

Ôfrûne wykein binne wy efen nei Wales west. Fansels om ús grutte freon Wybren Jorritsma mei in besite te ferearjen, mar ek om te sykjen nei nij talint foar sawol SDS as Nijlân.

In klup dy’t al skoften op ús ferlanglistke stie wie Pembroke united FC. In wiere folksklub sa as SDS en Nijlân dat ek binne.

Ferskule yn de heuvels fan de binnenlannen fan Wales leit harren sfearfolle kompleks dat bestiet út 1 fuotbalfjild, in trainingsfjild en in geboutsje mei 2 ljochten om de mannen wat by te skinen.

Doe’t wy sneontemiddei yn ús bolides by it kompleks oankamen wie de wedstriid al oan de gong. It fjild lei der best by útsein in oantal lytse hichte ferskillen. Lâns de kant wie it in drokte fan belang. De trainer (‘Shut up and fucking listen to me lads!’), de wikselspilers (‘Come on, fucking kill the bastards’) en in oantal trouwe fans belibben de wedstriid allegearre op harren eigen wize.


D
e keeper fan de tsjinstanners hat it hjir efen restich, mar dat foel fjirder tsjin (foar him) de pleatslike helden wiene de bettere en hy stie dan ek konstant ûnder druk. Foar SDS soe dit in oanwinst wêze kinne, wy sitte net sa rom yn de keepers en dizze jonge man kin goed ballen ophelje en in hiel ein úttraapje.


In
oersjoch fan it sfearfolle kompleks fan Pembroke united FC. Jimme sjogge Jan, Wybren en Sjoerd al oan de rane fan it fjild stean. Teade, Klaas en Menno binne op dat stuit yn petear mei de foarsitter fan de klup yn in kastiel efen fierder op. Se ha der praten oer in mooglike gearwurking tusken de trije klups. De earste berjochten binne posityf.


It gebou fan de klup, hjir lizze de ballen, hesjes en pionnen. Jimme sjogge de 2 ljochten wer ûnder de mannen troch de wike traine. It is dus gjin kantine, want lyk as ús, binne dizze sportmannen serieus mei harren fak dwaande.


In
oersjoch fan it fjild en de omjouwing, is it net in plaatsje?


I
t publyk en de kalkline dy’t der neffens ús fjildekspert Teade yn spuite is, liket der rjocht by te lizzen, mar dat liket mar sa.


Sjoerd mei it prachtige logo fan Pembroke united FC. Neffens ús in tige wichtich ûnderdiel fan in klup. Dit hat in útstrieling dêr’t de tsjinstanner kjel fan wurd.


Nochris it gebou. Sjogge jimme de pion? Dit is net samar in pion. Hy is skonken troch de oprjochter fan de klup yn it jier 987. Mister Ian Pembroke.


Teade, Menno, Wybren en Jan binne oeh sa serieus mei harren wurk dwaande, der bart neat wat sy net sjogge.



De goal, solide en betrouber. Gewoan in machtich moai bouwurk.

Nei in learsume middei mei in protte oantekeningen en fierdere yndrukken binne wy op hús oan gien. Doe’t we de poarte út rûnen waarden we op wachte troch de pleatslike jeugd. It wie goed te hearren hoe benaud as at se binne dat wy harren favoriten nei it Europeeske feste lân helje. ‘ He, fucking wankers! Piss off!’. Dúdlike taal liket ús.

Foar mear ynformaasje oer dit wykein kinne jimme terjochte op www.versuiteigenoven.nl

Groetnis, Jan, Klaas, Wybren, Menno, Teade en Sjoerd.
Photograph