Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
7 februari 2006
Wepperkes -freed-
9 februari 2006

Futsal: SDS 1 pakt 3 punten
SDS 1 hat juster 3 wichtige punten pakt yn de útwedstryd tsjin Ens. SDS wûn fertsjinne al stie it lykas forige wike tsjin FFS wer efkes te sliepen. By de rêst stie SDS mei 1-0 foar troch Feite. 3 minuten(!!!) nei de rêst stie Ens mei 4-1 foar. SDS koe it hjirnei wer oppakke en wûn úteinlik mei 5-4 troch goals fan Robert(2x), Tsjipke en Willem.

Pst…pst
Net fierder fertelle, want se wolle it wierskynlik graach stilhâlde. Sa faak skore se fansels ek net. En se wolle de tsjinstanners net benaud meitsje fansels. De doelpunten fan SDS 1 tsjin Snits binne makke troch Robert, Skelte, Hendrik (2) en Harm.
Wij sille ús bron net frijjaan.

In echte toto

Yn Wijd en Zijd stie ferline wike in oprop om mei te dwaan oan de Sudwesthoeke toto. Dêrmei kinne je wedstriden yn de eigen regio foarsizze. Der hawwe har 121 dielnimmers opjûn yn dizze regio. Dat is net folle, want allinne fan SDS binne der al 10 dielnimmers. Dat is rom 8 %.
Neffens ús kinne wij dat oantal noch wol flink omheech bringe at jim allegear ek meidogge. Ynskriuwe is maklik.
Klik hjir.

Klassemint (1)
Nei ien wike is der al in klassemint opmakke yn de hjir boppeneamde toto. Opfallend is it krease 10-de  plakje fan Minne Bonnema út Easterein. Net opfallend is de klassearing fan Aant en tsjinfallend is de
klassearing fan Willem.
Tja, soms is it alfabet beslissend foar de klassearing, want alle wedstriden ôflast binne is der net folle te skoaren.

Klassemint (2)
Ek de Ljouwerter Krante hat sa’n spultsje: Coach fan het jaar.
Dêr dogge 8414 dielnimmers mei en at je dan bij de earste 102 sitte dan is dat is dat in prima prestaasje. Frouke Bleeker út Wommels , dy’t helaas bij Tsjom fuotballet, hat er wol ferstân fan. At se dêr ea in nije trainer sykje mei taktysk ynsjoch dat wennet er yn Wommels.


Klassemint (3)
Ek yn Easterein is dúdlik wa’t dêr de topkoach is. Jan Rinse Blanksma sit yn it begeliedingsteam fan A2 en ek hij docht it  prima.


Liverpool-ladies
Liverpool gie juster ûnderút tsjin Charlton Athletic en it begjin der op te lykjen dat Chelsea fluitend kampioen wurdt. Miskien is it foar Marco, Robert, Durk en Jan-Simon leuker om mei de Peaske-dagen nei de Liverpool-ladies te gean. Dizzen steane al boppe-oan.


Lache
Net eltsenien is wiis mei Talpa. Tefolle reclames tusken de wedstriden, dom gelul nei de wedstriden, tefolle shots fan supporters dy yn hun noas sitte te frunnikjen en nutteloaze ynformaasje tidens de wedstriden. Dit wykein seagen wy wol iets aardichs yn byld stean. Wat docht no bliken? Feyenoord hat Pierre van Hooydonk kocht as saneamde pinch-hitter, mar hy blykt yn syn karriëre nocht noait skoort te hawwen as ynfaller yn de eredivysje………….