Wepperkes (tongersdeitemiddei)

Wepperkes (tiisdeitejûn)
7 september 2004
Webmaster huldige by Nederlân-Tsjechië
9 september 2004

Wepperkes
Sa yn ‘e rin fan ‘e dei kinne jimme hjir ferskeidene wepperkes ferwachtsje. Ferskeiden ferslagen(SDS 1 en 2 en SDS 2 seal) en útslagen (SDS 1 seal en SDS 3 seal) binne binnenkommen. Hawwe jimme noch wat mail it efkes nei
info@vv-sds.nl.

Alwer in nij ynternetlid
Fanmiddei krigen wy alwer it 4e nije SDS-lid derby dy’t him oanmelden hat fia de webside. Dit nije lid komt út Winsum. Wêr as wy al net komme mei ús webside!

SDS 1 seal ferliest by debút
It 1e sealteam fan SDS hat juster syn earste wedstriid yn ‘e 1e Klasse ferlern fan Foarút. Op Skatzenburg(??) waard mei 3-2 ferlern fan ‘e ploech dy ’t foarig seizoen noch 3e waard yn ‘e 1e Klasse. SDS 1 hoecht him dan ek net te skamjen foar dizze útslach om ’t der miskien ek noc wol in puntsje yn sitten hie. Lês
hjir mear.

SDS 3 seal ferliest
SDS seal 3 hat juster, neffens ús bronnen, thús ferlern mei 8-6 fan Haskerland 6. Mei hun 6 doelpunten wienen sy dizze wike al de meast produktieve sealploech fan SDS al smite dat gjin punten op.Wy hawwe gjin ferslach krigen en witte net waard der skoord hawwe. Mocht ien wat witte mail it dan efkes nei
info@vv-sds.nl.

Ferslach SDS 1
Wat letter dan wy fan him went binne hjir dan dochs noch it ferslach fan Wichard Deinum fan de wedstriid SDS 1- Hurdegaryp. Klik
hjir.

Ferslach SDS 2
SDS 2 gie sneon ûnderút mei 3-1 tsjin Leeuwarder Zwaluwen. Mark Postma hat noch efkes in ferslach foar ús skreaun. Klik
hjir en jim kin it lêze.

Ferslach SDS 2 seal
Ôfrûne moandei wûn SDS 2 seal knap yn Hasselt fan ZVH. Dirk Yde hat hjir in ferslach fan make. Klik
hjir en jimme kinne it lêze.

Befalle
Ik hoopje net dat de befalling by Richt yn desimber ek sa giet. Al hoefe wy de lytse net faak te ferskjinjen. Klik
hjir.

Ljochten yn Wommels?
Der geane geruchten dat der op it fuotbalfjild yn Wommels ljochten pleatst wurde sadat der ek yn ‘e neisimmer(oan’t jannewaris?) op jûnstiid yn Wommels traint wurde kin. De oanfraach foar in fergunning leit by de gemeente neffens ús bron. Wit ien der mear fan, mail dan efkes nei
info@vv-sds.nl.

Sy koenen net ferlieze
Mei in bondscoach as Marco van Basten koe it Nederlânsk alvatal juster fansels ek noait ferliieze. In jonge dy ’t op hiel jonge leeftiid al safolle ferstân hie fan fuotbaljen en syn eigen trainingen yn mekoar sette kin fansels noait mear wat ferkeard dwaan. Sjoch
hjir mar ris.
 Doe al ferstân fan fuotbal.
Witte jimme eins wol hoe Marco van Basten echt hjit en wêrom as it no Marco is? Mail it nei
info@vv-sds.nl