Wepperkes (tiisdeitejûn)

Seal: SDS 2 wint by debút
6 september 2004
Wepperkes (tongersdeitemiddei)
9 september 2004

Twa ferslagen
Helaas hawwe wy juster gjin ferslagen binnenkrigen en kinne wy jimme ek neat fertelle oer in soad wedstriden. Allinne fan SDS A1(Bote) en SDS 3(iksels) hawwe wy wat. Dat fan SDS 3 kinne jimme hjir ergens ûnder fine. Foar it ferslach fan SDS A1 kinne jim hjir klikke.

Is it no SDS E2 of E3?
E2 is nei oerlis yn de kompetysje-yndieling fan E3 kommen en E3 hat de yndieling fan E2 krigen. Hjirtroch klopten de útslagen fan ôfrûne sneon net. Hjir de goeie útslagen:
*
Franeker E2- SDS E2 9-0
* SDS E3- Franeker E3 1-2

Teamyndielingen junioaren
De nije teamyndielingen fan ‘e junioaren steane noch net op ‘e webside. As it goed is haw ik ein fan dizze wike tiid om al dizze yndielings derop te setten.

SDS League
Ferjitte jimme net om sa gau mooglik jim team foar de SDS League yn te leverjen? Dan kinne wy kommend wykein los.

Veronica teletekst
As je op fakansje binne dan kinne je ek sûnder komputer de útslagen fan SDS fine. Op Veronica-teletekst pagina 607 stean elts wykein de útslagen en de stân fan alle standaardteams yn it amateurfuotbal. Sa koe de famylje De Jong yn Center Parcs ôfrûne wykein dochs sjen hoe as SDS 1 it dien hie.


Skildpadden
Op it ynternet fine je fan alles. Sa docht bliken dat ek skildpadden wol aardich bolje kinne as sy mar toast hawwe. Klik hjir en sjoch it sels.

Net gek
Sa as jimme hjir lêze koenen haw ik fan de KNVB in útnoeging krigen om as webmaster fan de SDS-side moarn as VIP by Nederlân-Tsjechië oanwêzich te wêzen. Al hie ik like leaf in steanplak hân en mei sy de kofje mei gebak hâlde as Nederlân mar wint, it programma liket foar de hiele dei net sa gek. Hjir de útnoeging dy ’t ik krige.

Gezien uw verdiensten voor uw voetbalclub bent u voorgedragen een dagje in het zonnetje te worden gezet als eregast van de KNVB. Graag ontvangen wij u met uw introducè om 14.00 uur bij de receptie van de Amsterdam ArenA (hoofdingang). Daar wijzen wij u de weg naar de ontvangstruimte (Koninklijke Loge).
Het programma is voorlopig als volgt:
14.00 uur   ontvangst met koffie & gebak
1
4.30 uur   gastspreker
15.30 uur   rondleiding stadion
17.00 uur   huldiging door bondsvoorzitter Jeu Sprengers
18.00 uur   diner
20.30 uur   bijwonen wedstrijd Nederland-Tsjechië
22.15 uur   afscheid en einde programma

SDS 3 wint by ONS
SDS 3 hat sneon syn 1e wedstriid fan ‘e kompetysje frij maklik wûn. It waard nei in rêststân fan 0-0 úteinlik 5-0.

SDS 3 begie sneon mei in miks fan (âld-)1e-alvetalspilers(Remco, Anne, Jeroen en Ronny, Robert H. en Willem) en jong talint (Gerlof, Sjoerd, Jentsje, Jan en Jacob-Sjirk). Op de bank sieten dan ek noch Wouter(âld-SDS1), Anco(âld-SDS1), Douwe Kool(jong talint) en Liuwe Meijer(âld-Arum1). Friso wie de coach en dat allinne al moast genôch wêze om yn Snits ONS te ferslaan. Yn de earste helte slagge SDS deryn om inkelde kânsen te krijen, mar der net yn te sjitten (Gerlof en Anne).

Yn ‘e 2e helte waard ONS wurch en rekke de SDS-trein op stoom. De goals foelen as ripe appels en ONS holp hjirby graach. Anne skoorde knap (1-0), Douwe skeat in foarset fan Anco knap yn(2-0), Remco skeat út, Douwe stoorde en de spiler fan ONS sjitte de bal knap binnen(3-0), Anne sette knap foar en de bal waard netsjes ynkopt troch in Snitser(4-0) en Ronny sjitte de bal netsjes lâns de keeper nei tariedend wurk fan Gerlof, Willem en Anne(5-0).Hooplik kin SDS 3 dit nivo fêsthâlde en dogge sy ek dit seizoen wer oan’t it ein mei om de prizen.

Nei sa’n wedstriid mei sok moai waar hawwe je wol sin yn in bierke. Yn ‘e kantine fan ONS kin je hjirfoar wol te plak. Moaie glêzen (Amsterdammers) en sels fleskes(plastic Dommelsch Ice) tsjin net al te gekke prizen(Amsterdammer 1,30 euro). Jammer dat de tapkes in bytsje oan ‘e lauwe kant wienen. It sifer: in 7-.