Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
19 april 2006
SDS League: Marco Hoekstra pakt de 1e priis!
21 april 2006

C1 ferliest
Justerûn hat C1 yn Makkum west en der ferlern mei 3-2 (rest 0-0) en 3-0 efter stien. De wedstriid fan de miste kânsen sawol foar SDS C1 as foar Makkum. Foar ús want we hienen foar rest al mei 3-0 foar stean kinnen.En foar Makkum dat se foar de wedstriid sizze kinnen/moatten hienen dat der iin B-junior mei dei. Dat der 2 D-pupillen mei dienen is sels dan gjin ekskuus.Dat de wedstriid derom ferlern is giet te fier. It fuotbal wie yn elts gefal wer better en fersoarge. Ayanle skoarde 2x!
Klaas Pompstra

A2 spilet gelyk
A2 hat woansdeitejûn 2-2 spile tsjin hekkeslúter jv Bolsward A2. Doelpuntenmakkers witte wij net.

Futsal: SDS 2 kin noch kampioen wurde!
It sit der dan dochs noch yn dat SDS 2 it kampioenskip pakke kin yn’e 2e klasse. Troch it lykspul tusken koprinner ZVH en Renado (4-4) komt SDS op 2 ferliespunten fan ZVH. SDS hat noch 2 wedstriden tegoede en spielet derneist ek noch in kraker tsjin ZVH yn Hasselt. We ha it dus noch yn eigen han. 
Groetnis DYS
 

SDS 3 ferliest fan harsels
Dat is kop fan it artikel fan Sjoerd van Beem oer SDS 3. Jim kinne
hjir lêze at jim witte wolle wat hij der krekt fan fynt.

Wêr bliuwt de SDS-League?
De einstân fan de SDS League blykt in hiel gepuzzel te wêzen. Foar de minsken dy ’t hiel benijd binne nei de einstân kinne him hjir fannacht om 3 oere besjen. Wy binne benijd!

Skitterend
Albert Jan Joustra(SDS 3) hat snein mei in loftballon fuort west. Boppe Easterein hat hy inkelde prachtige foto’s meitsje kinnen. Folgende wike litte wy se allegear sjen. Hjir alfêst ien fan de Skoalleseize fan boppe:

OZZY
Yn de Ljouwerter Krante fan woansdei stie wol in tige nijsgjirrich artikel oer de Spannumer Ozzy, de eardere doelman fan SDS 4.

Swarte list

M BROUWER WOMMELS
L.J. V D BRUG HENNAARD
Y. BURGGRAAFF LOLLUM
R VAN DIJK LEEUWARDEN
J. DOTINGA WOMMELS
F.E. DUIPMANS EASTEREIN
J.K. HAITSMA WOMMELS
G.J. HIEMSTRA EASTEREIN
A. HOEKSTRA WOMMELS
TJ HOEKSTRA EASTEREIN
H DE JONG WOMMELS
J. JORRITSMA ITENS
D KOOL KUBAARD
K. MALDA WOMMELS
S. NAUTA ITENS
S. RISPENS WOMMELS
J. STENEKES WOMMELS
G.O. VELDSTRA WOMMELS
F.R. VELLINGA BOLSWARD
T. VERMEULEN KUBAARD

Sûnt ferline wike is de list al wer wat koarter wurden. It drigemint om net opsteld te wurden hat bij in pear wol holpen. Wij hawwe trochkrigen dat wij der folgende wike in doelpunt ôfhelje meie. Mooglik dat soks in oantal ta aksjes bringt.

In hiele toer!
It wie moandei in hiele toer om wer thús te kommen nei Aaipop(klik
hjir).