Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
17 april 2006
Wepperkes -tongersdei-
19 april 2006

Programma
Jûn steane der yn Easterein wer 2 wedstriden op it programma. Dit binne se:
18.30 SDS F5 – Mulier F3
18.45 SDS A2 – JV Bolsward A2    Utslach   2-2
Kom gerust efkes del!

Frou siket boer!
Op de webside fan frousiketboer.tk stiet dizze wike in item oer kapsels. Op kapsels fan boeren en De Boeren út Easterein en omkriten kin dizze wike stemd wurde as “kapsel fan ‘e wike”. Wy binne benijd wa ’t wint(sjoch hjir)


Wy geane far Tamme!

Bezanden

Dizze wike sil der, as it waar it ta lit, “bezanden” wurde op beide fjilden.
Dit is dus net it sân foar it tredde fjild…
Bestjoer “Skoalleseize”

In hiele toer
It is in dregere toer dan wy tochten om de einstân fan de SDS League te meitsjen. It sil him dan ek hjoed wol net wurde.

Fuotballer fan it jier!!
Wat my betreft wie dit de spiler fan it jier yn de eredivysje(al spilet der by de ferkearde klup), Philip Cocu. Wat in goal!!!!(klik hjir)

Argentinië wereldkampioen?
Ien fan de grutste kânshawwers foar de wereldtitel kommende simmer is wat my oangiet Argentinië. Eltsenien hat it dan lyk oer Messi fan Barcelona mar it docht bliken dat der yn Argentinië noch in talint omdraaft dy net minder is. It giet om Sergio Aguero. Hy fuotballet no by Independiente en makke op syn 15e al syn debút yn de heegste Argentijnse kompetysje. Hjirmei naam hy it rekord oer fan Maradona as jongste spiler oait. As hy fan ’t simmer mei Messi de foarhoede foarmet dan kinne wy ús klear meitsje. Sjoch
hjir mar ris.

Letter mear!