Wepperkes -tongersdei-

SDS League: SCF(MH) rint fierder út!
12 april 2006
Fan de Skoalleseize
13 april 2006

SDS C1 nei in 3e plakje
SDS C1 hat justerjûn mei 3-1 wûn by Harlingen. In goeie saak want hjirmei klimme sy nei it 3e plak. Klik hjir foar it ferslach fan in net hielendal fitte Klaas Pompstra.

Extra wykpriis SDS League!
Wy hawwe beslúten om foar it programma fan juster ek in wykpriis út te skriuwen. De nije stân stiet hjir dan moarn op de webside en hinget sneon yn de kantine.

Programma
Yn Easterein wurdt hjoed ek wer fuotballe. Om 17.45 spilet SDS E3 tsjin Franeker E7. Kom gerust efkes sjen.

Swarte list
In fersyk oan elkenien: wolle jim Eddy de Boer dizze dagen net steure. Hij is dwaande in swarte list gear te stallen. Dêrbij mei hij net steurd wurde, want it soe ferfelend wêze at der flaters yn sitte. Dat kin fansels net.
Om efkes in yndruk te jaan hoe’t de echte swarte list der út sjocht en welke SDS-ers dêr opstean, klik
hjir

Eardere kaarten
Yn 1978 wiene der ek al kaarten. Us argifaris Durk Okkema wist noch twa tige nijsgjirrige foto’s út it stof te heljen. Hiel tafallich kamen dizze kaarten ûnder it stof wei.
Klik op de foto om originele grootte te bekijken

Klik op de foto om originele grootte te bekijken

Trefferke
Trefferkes dy steane yn de treffer en wepperkes steane op dizze side. Dizze kear is it oars. In trefferke út 1956 op dizze side:
Klik op de foto om originele grootte te bekijken


Wa wurdt der wereldkampioen?
Sa ’t wy al earder melden geane wy der noch altiten fan út dat Japan wereldkampioen wurdt(klik
hjir).

Klungels
Lucky Ajax wûn justerjûn mar wer krekt. Oars wienen it ek moaie klungels west. Hjir spesjaal foar alle Anti-Ajacieden(klik hjir).